Springe nei ynhâld

Kostroma

Ut Wikipedy
Kostroma
Ipatjev-kleaster
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Kostroma
Sifers
Ynwennertal 277.021 (2022)
Oerflak 144,5 km²
Befolkingstichtens 1917,1 ynw./km²
Hichte 110 m sintrum
Oar
Stifting 1152
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 57° 46' N 40° 56' E
Webside Side gemeente

Kostroma (Russysk: Кострома) is in stêd oan de Wolga yn Ruslân. It is it bestjoerlike sintrum fan it oblast Kostroma. De stêd leit likernôch 345 kilometer fan de haadstêd Moskou.

Kostroma waard stifte yn de 12e iuw en wie yn de 13e iuw de haadstêd fan it foarstendom Kostroma. Yn it sintrum binne in soad gebouwen út it klassisistyske tiidrek fan de lette 18e-19e iuw bewarre bleaun. Fan de monuminten fan foar de tiid fan Peter de Grutte binne de meast ynteressante kompleksen it Ipatjev-kleaster en it Epifany-kleaster fan Sint-Anastasia. De stêd makket diel út fan de Gouden Ring fan Ruslân.

Oer it algemien jildt it jiertal 1152 as stifting fan de stêd. Dat jiertal waard foar it earst yn de 18e iuw troch de ferneamde russyske histoarikus Vassili Tatisjtsjev as stiftingsjier ornearre. Mar it âldste bewiis fan Kostroma datearret út 1213, wêryn't it plak yn it ramt fan in fjildtocht fan foarst Konstantin fan Rostov neamd wurdt, dy't Kostroma ôfbaarne liet. De kroniken neame dan yn 1238 Kostroma op 'e nij, yn dat gefal yn it ramt fan in oanfal fan Batû Khan.

Om't der fjierder, op dy twa jiertallen nei, skraach oare boarnen binne oer de skiednis fan Kostroma is ek de namme fan it plak net mei wissichheid te ferklearjen. Lykas it hydronym fan de rivier mei deselde namme soe it wêze kinne dat de namme fan de Finsk-Oegryske talen ôfstamt en oarspronklik kostrum (fêsting) hjitten ha. Neffens in oare ferklearring waard it plak nei de East-Slavyske goadinne Kostroma ferneamd, dy't foar it kristenjen yn de kontrijen troch de bewenners fereare waard. Beide oannames oer de namme fan de stêd wize der lykwols op dat it hjoeddeiske stedsgebiet fan Kostroma al folle langer foar de offisjele stifting bewenne waard.

Kostroma yn it midsiuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kremlyn fan Kostroma mei de Untsliepeniskatedraal

It gebiet waard yn de 13e iuw slim bedrige troch de Gouden Horde en in earste ferdigeningslokaasje op it plak kin yn de jierren 1240 ûntstien wêze, doe't grutfoarst Jaroslav II fan Vladimir it gebiet tadield krige. Oan de hege en mei bosken begroeide lofter kant fan de Wolga soe de earste houten fêsting boud wêze, letter ferfongen troch in net mear besteand kremlyn. Jaroslav joech ek opdracht om de earst bekende tsjerke fan Kostroma te bouwen: de houten Teodor Stratelates-tsjerke. Under syn soan Vassili Jaroslavitsj, dy't 30 jier hearske, wie Kostroma tydlik in selsstannich foarstendom. Nei Vassili's dea foel Kostroma wer ta oan it foarstendom Vladimir.

Opstanningstsjerke

Yn de tiid fan Vassili Jaroslavitsj waard by de mûning fan de Kostroma it Ferlosserkleaster efter de Fiver stifte, dêr't de hjoeddeiske tsjerke mei deselde namme op itselde plak noch oan tinken docht. Nei alle gedachten ûntstie oan it begjin fan de 14e iuw dêr it tsjintwurdich bekende Ipatjev-kleaster, dat mei ferdigeningswurken in funksje krige om de stêd te beskermjen.

Fanôf 1364 waard Kostroma in diel fan it Grutfoarstendom Moskou. De delsetting oan de rivier waard lykwols faak oerfallen troch Usjkûjniks, piraten út Novgorod. Dêrom ferhûze yn 1419 de delsetting nei in heger plak dat bekend waard as it kremlyn fan Kostroma. Dat wie ek it plak dêr't it earste stiennen gebou fan Kostroma boud waard, de yn 1934 ferneatige Untsliepeniskatedraal. De geunstige lokaasje oan de hege wâl fan de Wolga makke dat it plak yn nuodlike tiden faak brûkt waard om hinne te flechtsjen. Sa socht yn 1382 Dmitri Donskoj en syn famylje dêr harren taflecht doe't de Gouden Horde Moskou oanfoel.

De houten gebouwen fan Kostroma feroarsaken lykas oeral yn Ruslân regelmjittich brannen, dy't grutte dielen fan de stêd ferneatige. Fan alle midsiuwske houten gebouwen is der yn it stedsgebiet fan Kostroma gjin ien bewarre bleaun.

Kostroma ûnder it tsarendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kostroma waard ûnder it tsaristyske Ruslân fanôf de 16e iuw ien fan de belangrykste stêden. Oan it ein fan de 16e iuw stie fral it Ipatjev-kleaster heech yn oansjen, dat grutte sommen jild taskood krige fan de Godûnov's, dy't tochten dat de stifter fan it kleaster út harren skaai stamde. Fan de gebouwen dy't yn dy tiid boud waarden binne der in pear bewarre bleaun; it binne de âldste arsjitektonyske monuminten fan de stêd. Yn de koarte tiid dat Boris Godûnov as tsaar hearske ûnstiene ek de hjoeddeiske ferdigingsmuorren fan it kleaster.

It Epifanykleaster yn de 19e iuw

Mar in pear jier letter, yn de Tiid fan de Unstjoer, stie it kleaster mei hiel Kostroma yn it sintrum fan de politike ûntwikkelings yn Ruslân. Yn 1606 folge de besetting fan it kleaster troch it Poalsk-Litouske leger fan oanhingers fan de saneamde Falske Dmitri II, dy't it brûkten as in militêr fort. It belis fan it kleaster troch in russysk folksleger duorre moannenlang, doe't it lang om let yn septimber 1609 oermastere wurde koe. Yn de maaitiid fan 1613 bea it kleaster de lettere Romanov-tsaar Michael ûnderdak. Troch't Michael yn it Ipatjev-kleaster wenne doe't er as earste tsaar fan de Romanov's keazen waard, jildt Kostroma as widze fan de Romanov's. Oant de ôfskaffing fan de monargy brocht eltse russyske tsaar minstens ien kear in besite oan de stêd.

It ûntstean fan it hjoeddeiske stedsbyld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de rêst yn Ruslân yn de rin fan de 17e iuw werom kearde koe de stêd û.o. troch de goede ferbinings ekonomysk yn belang tanimme. Yn it midden fan de iuw wie Kostroma nei Moskou en Jaroslavl de grutste stêd fan it tsarendom. De stêd spile in grutte rol yn it ferfeardigjen fan smei-izer, sjippe, lear, ikoanen en sulverwurk. Troch it gefaar fan brân begûn stadichoan stien as boumaterjaal it hout te ferfangen. Sa ûntstiene ek bûten it Ipatjev-kleaster stiennen bouwurken, dêr't guon fan noch altiten te besjen binne. It neamen wurdich binne de Tsjerke fan de Opstanning fan Kristus yn it Wâld en guon gebouwen fan it Epifanykleaster. It sintrum fan de stêd waard foarme troch it kremlyn, dat oan de kant fan de Wolga lei.

Yn de 18e iuw sette de ferbou fan flaaks en de tekstylyndustry yn en om Kostroma it stimpel op de ekonomyske ûntwikkeling. It brocht rykdom en der ûnstiene grutte hûzen foar de keaplju yn it stedssintrum. Yn 1767 die Katarina de Grutte de stêd oan doe't se oer de Wolga reizge. Fuort dêrnei krige de stêd in eigen wapen, mei it ôfbyld fan in skip dy't de besite fan de keizerin symbolisearre. Yn de bestjoersherfoarmings fan de jierren 1770 waard Kostroma de haadstêd fan in selsstannich gûvernemint yn it Russyske Keizerryk.

Nei't yn 1773 grutte dielen fan de noch foar de meast houten bebouwing fan de stêd ôfbaarnde, waarden de represintative gebouwen allinne noch fan stien wer opboud. It neffens it weropbouplan fan 1781 behearsket ek tsjintwurdich noch it oansjen fan it histoaryske diel fan Kostroma: de sintrale merk yn 1790, it bestjoersgebou fan it gûvernemint (1806-1808) en de empiregebouwen fan de stedsmilysje en de toer fan de brânwar. By de útfiering fan it plan bleau it oarspronklik strjittepatroan om it kremlyn en it sintrale plein beholden.

Yn 1887 krige de stêd oansluting op it spoar. De yndustrialisaasje fan Kostroma fûn tsjin it ein fan de 19e en it begjin fan de 20e iuw syn hichtepunt. It 300-jierrich jubileum fan de Romanov-dynasty waard yn 1913 yn de stêd mei grutte plechtichheden fierd, mar it sa mei soarch oppoetste oansjen fan de stêd as widze fan de Romanov's gyng mei de ôfskaffing fan de monargy troch de revolúsje yn febrewaris en oktober 1917 mei ien grutte haal ferlern. Foar meardere desinnia rekke Kostroma ek de sintrumfunksje as haadstêd fan in provinsje kwyt. Begjin 1929 kaam der in ein oan it gûvernemint Kostroma, dat opgyng yn de nije oblasten Jaroslavl en Ivanovo. Yn de jierren 1930 sette, lykas yn de rest fan Ruslân, in twadde weach fan yndustrialisaasje yn. Yn deselde tiid waard ek it earste stiennen gebou fan de stêd opblaasd, de Untsliepeniskatedraal. It ferlechje wie dat de stiennen sloopmaterjaal nedich wie foar de bou fan in flaaksfabryk. Mei de katedraal waarden ek tsientallen oare tsjerken yn en bûten it kremlyn ôfbrutsen.

It tsjintwurdige oblast Kostroma mei Kostroma as haadstêd waard yn 1944 foarme.

Yn de Twadde Wrâldkriich bleau de stêd tanksij de lizzing yn it efterlân fan de Sovjet-Uny foar kriichsgeweld sparre. Yn de jierren 1960 en 1970 ûnstiene yn Kostroma nije yndustry, wêrûnder de grutste waarmte-krêftsintrale fan Europa.

Sûnt de jierren 1970 heart Kostroma ta de toeristyske Gouden Ring.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
19e-iuwske Frouljusdracht yn it gûvernemint Kostroma
Jier Ynwennertal
1825 16.874
1870 27.178
1897 41.336
1939 121.325
1959 171.720
1970 223.042
1979 254.725
1989 278.414
2002 278.750
2010 268.742
2022 277.021

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch't de stêd de histoaryske bebouwing fan de 18e oant de 19e iuw goed bewarre hat heart de stêd tsjintwurdich ta de stêden fan Ruslân dy't arsjitektonysk it meast it besjen wurdich binne. Ek it strjittepatroan yn de binnenstêd hat de tiid goed trochstien. Grutte en lytse strjitten begjinne fanôf it sintrale plein en soargje dat it paad yn de stêd goed te finen is, ek foar minsken dy't net bekend binne yn Kostroma. De measte gebouwen kinne te gean besocht wurde. Njonken de binnenstêd is benammen it Ipatjev-kleaster it besjen tige wurdich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kostroma