Oerlis:Kostroma

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie Romke. Jo skriuwe iderkear it oblast. Soe it net de wêze moatte? Sjoch en: en nl:. Drewes (oerlis) 7 mrt 2020, 22.25 (CET)[beäntwurdzje]

Goemoarn, ik ha earlik sein gjin idee en wyt net oft it "de" of "it" wêze moat (it jild ek foar de wurden "kraj" en "rajon"). Ik ha lang lyn al ris oan it googeljen west en fûn op ferskate Nederlânsktalige siden "het" en "de". Ik ha it mar by "it" holden (mar dat is suver gefoelsmjittich en miskien sit ik wol hielendal mis). Neffens de Dútske wiki is it yn it Slavysk in froulik wurd, mar yn it Dútsk is it (ek) manlik. It Ingelsk hat it datoangeande wat makliker, want mar ien lidwurd. Op basis wêrfan't de Nederlânske wiki "de" brûkt wyt ik net. Mar ik wol my dêr wol by oanslute, it makket my net safolle út.--RomkeHoekstra (oerlis) 8 mrt 2020, 08.52 (CET)[beäntwurdzje]