Springe nei ynhâld

Kornet (rang)

Ut Wikipedy

In kornet is in subalterne ofsier fan lege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan guon lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, mar inkeld by de wapens fan 'e kavalery en de artillery; fierders hat ek de maresjesee de rang fan kornet. De ekwivalinte rang by de rest fan 'e lânmacht, en teffens by de loftmacht, is faandrich. By de marine en de mariniers ûntbrekt dizze rang eins hielendal, mar kin in kornet lyksteld wurde oan in luitenant-op-see 3e klasse (marine) of oan in twadde luitenant (mariniers).

De oansprektitel fan in kornet is "kornet". De boppelizzende rang is twadde luitenant, en de ûnderlizzende rang is adjudant. Dêrmei is kornet (mei faandrich) de leechste subalterne ofsiersrang. Dêrby moat oantekene wurde dat kornet yn 'e Nederlânske Striidkrêften gjin by Keninklik Beslút beëdige ofsiersposysje is.

Skematysk oersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e kornetsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
faandrich
of kornet
luitenant-op-see 3e klasse faandrich

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-1
faandrich
faandrich*
(by de artillery en kavalery: kornet)
luitenant-op-see 3e klasse
mynhear/mefrou
(by it Korps Mariniers: twadde luitenant)
faandrich
faandrich*
kornet
kornet*

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.