Springe nei ynhâld

Koai (ynslútplak)

Ut Wikipedy
In kninekoai.

In koai is in ynslútplak of bewarplak dat foarsjoen is fan gaas of traaljes en almeast foar bisten brûkt wurdt. Ofhinklik fan 'e grutte kin sa'n koai fêst of ferpleatsber wêze. Soksoarte ynslútplakken wurde in protte brûkt foar it omgean mei wylde bisten dy't gefaarlik binne of wêze kinne foar de minske, lykas yn dieretunen en sirkussen. Partikulieren meitsje thús wol gebrûk fan yn 'e regel lytsige koaien foar it hâlden fan beskate húsdieren, lykas fûgels (dan ek (fûgel)kouwe neamd), nuete kninen en kjifdieren (goudhamsters, kavia's, ensfh.).

Guon stâlen wurde ek wol 'koaien' neamd. Yn it bysûnder moat men dêrfoar tinke oan it nacht- en winterhok foar in keppel skiep, dat wol in skieppekoai neamd wurdt (benammen yn 'e Nederlânske heidegebieten). Fierders waarden foarhinne wylde einen wol fongen foar minsklike konsumpsje yn saneamde einekoaien. Dat wiene foar in diel ôfskutte romten mei in iepening oan ien kant dêr't sokke wetterfûgels mei lokeinen yn lokke waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.