Ko-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)
Ko-katedraal Sint-Bartoloméus
Concattedrale di San Bartolomeo | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Sisylje | |
plak | Lipari | |
adres | Via Castello, 3, 98050 Lipari ME | |
koördinaten | 38° 28' N 14° 57' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Messina-Lipari-Santa Lucia del Mela | |
patroanhillige | Sint-Bartoloméus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1654 | |
boustyl | barok | |
Webside | ||
Side aartsbisdom | ||
Kaart | ||
De Sint-Bartoloméustsjerke (Italjaansk: Concattedrale di San Bartolomeo) op it eilân Lipari by Sisylje, Itaalje, is de ko-katedraal fan it aartsbisdom Messina-Lipari-Santa Lucia del Mela. De tsjerke leit op in likernôch 60 meter hege rots yn it sintrum fan 'e sitadel oan 'e see en is oan 'e apostel Bartoloméus wijd, dy't de patroanhillige fan 'e stêd Lipari en de Liparyske eilannen is.
Oant 1986 wie de tsjerke de katedraal fan it bisdom Lipari, mar sûnt de definitive fúzje mei it aartsbisdom Messina yn dat jier is it de ko-katedraal fan it aartsbisdom.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1084 stifte Rogier I yn Lipari de Benediktynske abdij San Bartolomeo. Yn 1095 krige dy abdij alle Liparyske eilannen tawiisd. Tsjinpaus Anakletus II rjochte yn 1131 op fersyk fan kening Rogier II it bisdom Lipari-Patti op, dat it hiele kleasterterritoarium omfieme. De definitive stifting fûn yn 1166 troch paus Aleksander III plak. De abdijtsjerke waard doe de katedraal fan it bisdom.
De âlde katedraal waard yn 1544 by in oanfal fan Turkske piraten ûnder lieding fan Khair ad-Din Barbarossa ferneatige. De hjoeddeiske barokke katedraal waard yn 1654 boud, wylst de klokketoer en de gevel út de twadde helte fan 'e 18e iuw datearje. It boppediel fan 'e gevel moast yn 1861 nei it ynstoarten op 'e nij boud wurde.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan e tsjerke is trijeskippich. De muorren binne fersierd mei fresko's fan âld-testamintyske foarstellings. Fan 'e oarspronklike abdijtsjerke stamme noch in pear kapitelen út de 11e en 12e iuw.
It barokke alter fan 1725 bestiet út beskildere en fergulde hout. Yn it alter stiet in sulveren byld fan 'e hillige Bartolomeús út 1728. Ta de tsjerkeskat heart in sulveren busterelikwarium fan 'e hillige apostel.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur.
-
Preekstoel.
-
Heechalter.
-
Oargel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|