Springe nei ynhâld

Kleaster fan Mar Elian

Ut Wikipedy
Mar Elian
bouwurk
lokaasje
lân Syrje
plak Al-Qaryatayn
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting 5e iuw
sloopjier 2015 troch Islamityske Steat

It Kleaster fan Mar Elian wie in Syrysk-katolyk kleaster by Al-Qaryatayn, in stêd yn de Syryske provinsje Homs. It kleaster wie wijd oan de hillige Elian (Mar Elian), mar waard yn augustus 2015 troch Islamityske Steat ferneatige nei't de striders fan de terreurgroep it gebiet by de slach by Al-Qaryatayn feroveren.

De skiednis fan it kleaster gyng werom op de fyfte iuw, doe't it stifte waard yn in oaze dêr't al in oan de hillige martler Elian fan Emesa wijde tsjerke stie út de 4e iuw. Alhoewol't it kleaster yn de 18e iuw de funksje fan kleaster ferlear bleau de lokaasje in wichtich plak foar kristenen yn Syrje. Sûnt 2001 waard der mei Britske help argeologysk ûndersyk útfierd. Twa muontsen út it kleaster Deir Mar Musa al-Habashi brochten yn 2007 nij monastyk libben yn it kleaster. Hja hiene as doel in moetingsplak foar kristenen en moslims te foarmjen. Sûnt it begjin fan de boargerkriich yn Syrje waarden yn it kleaster flechtlingen út Homs en omlizzende plakken opnommen.

De prior fan it kleaster, pater Jacques Mourad, waard yn maaie troch striders fan IS ûntfierd. Yn oktober 2015 wist de pater mei help fan in islamityske freon oan IS te ûntkommen.[1]

Ferneatiging fan it kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nacht fan 5 op 6 augustus 2015 waard Al-Qaryatayn troch de IS-striders ynnommen en twa wiken letter waard de âlde kleastertsjerke mei in bulldozer mei de grûn lykmakke. De oare gebouwen waarden yn 'e brân stutsen.[2] Nei it ynnimmen fan de stêd waarden in tal kristenen fermoarde om se harren net bekeare lieten ta de islaam of wegeren harren ûnder de regels fan it kalifaat del te jaan. Oare leden fan de lytse kristlike mienskip waarden finzen nommen en/of as slaaf meinommen.[3]

It Syryske leger ferovere yn april 2016 Al-Qaryatayn op de IS-striders werom. De resten en de fernielde sarkofaach fan Sint-Elian waarden werom fûn en op 'e nij begroeven op de lokaasje. Der binne plannen om it kleaster wer op te bouwen.[4]

Nei't Islamityske Steat Mar Elian ferneatige naam de Italjaanske sakeman Michelangelo De Salvo it inisjatyf om yn Granozzo, Noard-Itaalje, in replika fan de kleastertsjerke te bouwen. Op 23 desimber 2016 waard dêr foar it earst in misse fierd.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: