Deir Mar Musa al-Habashi
Deir Mar Musa al-Habashi
ܕܝܪܐ ܪܡܪܝ ܡܘܫܐ ܟܘܫܝܐ | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Syrje | |
plak | An-Nabk | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | kleaster | |
boujier | 5e iuw |
Mar Musa of Deir Mar Musa al-Habashi (Syrysk: ܕܝܪܐ ܪܡܪܝ ܡܘܫܐ ܟܘܫܝܐ deiro d-mor mūše kūšoyo; Arabysk: دير مار موسى الحبشي, deiro d-mor mūše kūšoyo; letterlik oerset it Kleaster fan Sint-Moazes de Abessyn) is in Syrysk-katolyk kleaster op ien fan de eastlike hellings fan de Anty-Libanon by Nabk, likernôch 80 km. noardlik fan Damaskus yn Syrje. De kleastertsjerke is fersierd mei kostbere fresko's út de 11e en 12e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it kleaster is werom te fieren op in Abessynske foarst mei de namme Moazes, dy't him hjir likernôch 1500 jier lyn yn in grot werom luts. Yn de rin fan de tiid foarmen fromme manlju op it plak in lytse groep om yn ôfsûndering God te sykjen. De earste fermelding fan it kleaster datearret út 586. Lange tiid wie in lytse basilyk it iennige bouwurk fan it kleaster, dy't op de ruïne fan in lytse romeinske grinspost boud wie. De muontsen wennen yn grotten om de tsjerke hinne. Yn de 11e en 12e iuw libbe it kleaster op. De tsjerke waard mei nije fresko's beskildere en it kleaster waard útwreide en fersterke. Yn de 17e iuw droege ûnder it islamityske bewâld de stream pylgers nei it kleaster op en moast it sletten wurde.
Yn 1982 reizge de Italjaanske jezuyt Paolo Dall’Oglio nei Syrje en sette fanôf 1984 útein mei de weropbou fan it kleaster. Ynearsten wurke er tegearre mei frijwilligers út de omkriten en Europeanen dy't dielnamen oan simmerkampen oan it herstel fan de muorren. Sa ûntstie in ynformele mienskip. De histoaryske gebouwen wiene as ûnderkommen al gau te lyts en foar mear hûsfêsting foar de manlju en it ûnderbringen fan de geiten waard in nij ûnderkommen boud, dat de namme Dair el-Huqab krige, wêrby't besteande grotten yn de nijbou yntegrearre waarden. Sûnt 1998 waard der úteinset mei de bou fan Dair el-Hayek, in ferbliuw foar froulju en gasten en om seminars te yn te organisearjen.
De ynformele mienskip waard yn gearwurking mei de diaken Jacques Mourad fanôf 1991 in erkend dûbelkleaster (in kleaster foar froulju en manlju) ûnder de Syrysk-Katolike Tsjerke. De kleastermienskip hat in sterke oekumenyske ynslach en is oan fjouwer taken wijd: gebed (yn it Arabysk salat), wurk (amal), gastfrijens (dayafa) en dialooch (hiwar).
Yn in semy-woastyneftige omjouwing hat it kleaster him ûntwikkele as in sintrum foar ekologyske lânbou. It kleaster droech ek by oan de stifting fan in natoerpark, wêrby't it kleaster in rol spilet by de toeristyske ûntsluting dêrfan.
Fan 2000 oant 2015 waard fanút Mar Musa it likernôch 50 km noardliker lizzende kleaster Mar Elian by Al-Qaryatayn nij libben ynblaasd. Mar Elian waard lykwols yn de simmer fan 2015 folslein ferneatige troch islamityske IS-striders.
Argeology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De argeolooch Robert Mason fan it Royal Ontario Museum ûntdiek by it kleaster de ruïnes fan in âld gebou, stiennen sirkels en tombes dy't neffens Mason sa'n 10.000 jier âld binne en mooglik út it neolityske tiidrek stamme. Fanwegen de driging fan geweld troch it útbrekken fan de Syryske Boargerkriich kaam der in ein oan de opgravings en fierder ûndersyk.[1]
Paolo Dall'Oglio
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2012 rekke pater Paolo Dall'Oglio fanwegen krityk op it Syryske rezjym syn ferbliuwsfergunning kwyt. Hy reizge nei Europa werom mar ferklearre yn Le Figaro dat er werom gyng sadree't de omstannichheden dat tastiene. Alhoewol't de sitewaasje yn Syrje krektoarsom minder waard, reizge er dochs werom. Yn septimber 2013 wie de mienskip fan it kleaster tige ûngerêst oer it lot fan de pater, dy't al sûnt 28 july 2013 neat mear fan him hearre litten hie. De pater wie ferdwûn yn de omjouwing fan Raqqa, yn it noarden fan Syrje, dêr't er besocht mei in groep islamisten yn kontakt te kommen om te ûnderhanneljen oer it frijlitten fan giselders. Boarnen fan it Syryske ferset diene yn 2014 berjocht dat leden fan ISIS de pater finzen nommen en dêrnei eksekutearre hiene.[2] In offisjele befêstiging ûntbrekt lykwols.
Ofbylden fresko's kleastertsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (fr) Freonen fan Mar Musa
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Monastère de Saint-Moïse-l'Abyssin
|