Springe nei ynhâld

Kleaster Wienhausen

Ut Wikipedy
Kleaster Wienhausen

Kloster Wienhausen

Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Celle
plak Wienhausen
adres An d. Kirche 1
koördinaten 52° 34' N 10° 11' E
Kleastergegevens
denominaasje Protestantsk kleaster
Ynformaasje bou
boustyl Bakstiengotyk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side Kleaster Wienhausen
Kaart
Kleaster Wienhausen (Nedersaksen)
Kleaster Wienhausen

It Kleaster Wienhausen (Dútsk: Kloster Wienhausen) yn it Nedersaksyske Wienhausen, likernôch 15 kilometer súdeastlik fan Celle, wie oant de reformaasje in sistersjinzersk kleaster. It út de 13e iuw datearjende kleaster is tsjintwurdich in protestantsk frouljuskleaster.

It kleaster waard om 1230 hinne oan de Aller by Wienhausen stifte troch Agnes fan Landsberg. Neffens in kronyk stie der earder in pear kilometer fierder al in kleaster, dat fanwegen de sompige omjouwing nei Wienhausen ferhûze waard. Dêr is lykwols gjin bewiis fan fûn.

De offisjele goedkarring fan de kleasterstifting folge yn 1233 troch biskop Koeraad II. De nonnen libben neffens de regels fan de sistersjinzers.

Sûnt 1528 fierde hartoch Ernst fan Braunschweig-Lüneburg de reformaasje yn syn hartochdom yn. Nettsjinsteande ferset fan de nonnen waard it kleaster yn in protestantsk-luthersk frouljuskonvint feroare. It ferset fan de katolike nonnen bleau oanhâlden en yn 1531 briek de hartoch dat ferset troch de proasdij en alle kapellen (útsein de Alderheljenkapel) ôf te brekken, en it kleasterfermogen yn te foarderjen. De ferneatige gebouwen waarden 19 jier letter yn fakwurkstyl wer opboud. Yn 1555 waard de Lüneburger Klearderoarder opsteld en yn 1587 folge it beneamen fan de earste protestantske abdis fan Wienhausen, mar yn it geheim waarden de katolike missen noch hiel lang fierd.

De beskildere nonnengalerij
Hector Wilhelm Heinrich Mithoff (1811-1886)
Tristankleed

It histoaryske kleasterkompleks is foar in grut part bewarre bleaun. Eastlik fan de tsjerke stiet de wettermûne en de bedriuwsgebouwen fan de buorkerij. Oan de tsjerke binne de kleastergebouwen nei it noarden ta oanboud: it midsiuwske diel oan de westlike kant, en de gebouwen nei de ynfiering fan de reformaasje oan de eastlike kant, mei dêr tuskenyn de mei twa ferdjippings hege kleastergong yn de styl fan de bakstiengotyk.

De tsjerke bestiet út de âldere romaanske tsjerke (wêrfan't de toer by de stifting fan it kleaster neffens sistersjinzerske regel ôfbrutsen waard) en de westlike goatyske oanboude ferlinging mei boppe in nonnegalerij en dêrûnder in pylgerseal. Beide boudielen binne hjoed-de-dei fan in houten wand skaat fan de tsjerke, en wurde apart brûkt.

It yn de 14e iuw foltôge nonnekoer is ien fan de meast opfallende goatyske romten. Muorre en plafonds binne folslein beskildere mei bibelske foarstellings lykas it skeppingsferhaal, it libben en de dea fan Kristus, Syn opstanning en Syn regear yn it himelske Jeruzalim. Doe't yn 1952 de iken planken ûnder it koerstuolte weibrutsen waarden foar it oanlizzen fan elektryske kabels, waarden allegear seldsume gebrûksfoarwerpen fûn. Dêrûnder wiene 14e- en 15e- iuwske brillen en ek saken dy't taskreaun wurde kinne oan sawol kristlike as heidenske praktiken.

De abdij fan Wienhausen stiet bekend om de samling goatyske kleden út de 14e en 15e iuw, dy't alle jierren folgjend op 'e freed nei pinkster te sjen binne yn in spesjale útstalling. De kleden hawwe sawol kristlike mar ek wrâldske motiven, lykas de Tristan-leginde. De froulju dy't yn it kleaster wenje fersoargje rûnliedings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.