Klarälven
Appearance
De Klarälven ("heldere rivier" yn it Sweedsk) is de langste rivier fan Sweden en fan Skandinaavje mei in langte fan 460 kilometer. In lyts part rint oer Noarske grûn. It lêste en langste part fan de rivier, rint troch Värmland om úteinlik út te mûnjen yn de Vänermar by Karlstad dêr't er in delta foarme hat.
De rivier hat fanâlds wichtich foar de ekonomy west. Se wie en is noch altyd in gaadlike transportrûte foar grutte skippen en it ferfier fan kappe beammen. Teffens is de rivier ynternasjonaal bekend as goed sportfiskwetter. De iennichste natuerlike ôffier fan de Vänermar is de Göta älv, dy't beskôge wurde kin as in ferlingstik fan de Klarälven.