Springe nei ynhâld

Klaas van der Geest

Ut Wikipedy
Klaas van der Geest
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
berne 27 novimber 1903
berteplak Skiermûntseach (plak)
stoarn 10 oktober 1964
stjerplak Swol
etnisiteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre streekroman, jeugdliteratuer
útjouwer Van Dishoeck; A. Roelofs van Goor, Meppel; G.F. Callenbach, Nijkerk; H. ten Brink, Meppel; Van Gorcum, Assen
prizen D.A. Thiemepriis
jierren aktyf 1931 - 1964
offisjele webside
gjin

Klaas van der Geest, (Skiermûntseach, 27 novimber 1903 - Swol, 10 oktober 1964) wie in Nederlânsk seeman en skriuwer fan maatskippijkrityske streekromans en berneboeken.

Van der Geest folge de Hegere Seefeartskoalle, makke de oplieding dien yn Amsterdam en gie oan 't wurk as stjoerman op de grutte feart en befear alle wrâldseeën. Op see skreau er al yn syn frije tiid, mar troch de krisis fan de jierren 30 rekke er út it wurk wei en koe er him oan 'e wâl folslein oan de skriuwerij wijde. Hy hie syn skriuwersdebút yn 1937 mei de roman Eiland in de branding. Hy skreau de roman Gezegend is het land op syn wenboat yn it Oranjekanaal by Schoonoord. It krityske boek feroarsake in soad ûnrêst ûnder de pleatslike befolking. Dêrom moast er ferhúzje en fûn er yn Frederiksoard in nij lizzersplak. Yn 1950 krige er de D.A. Thiemepriis foar dat boek.

Privee

Van der Geest hat twa kear troud west. Ut syn earste houlik mei Bernarda Antonetta Schut, binne twa bern berne. Nei syn skieding yn 1940 troude er koart dêrnei yn Haren (Gr) mei Aaltje Natadeel. Yn de oarloch wenne it pear yn de stêd Grins en waard yn de perioade 1942 -1943 in ôfstammingsûndersyk nei Aaltje útfierd. [1]

Polityk

Van der Geest en syn earste frou B.A. Schut wiene yn oanrin nei de Twadde Wrâldoarloch aktyf yn de Kommunistyske partij. Syn frou wie yn 1934 ponghâlder fan de lokale ôfdieling fan de C.P.N. yn De Helder. Van der Geest waard yn in rapport fan de Sintrale Ynljochtinge tsjinst 1919-1940 (CID) yn 1939 omskreaun as in fûleindige kommunist, dy't besocht om op Kurasao in kommunistyske sel op te rjochtsjen. [2]

Yn 1951 makke Van der Geest diel út fan in kulturele delegaasje dy't troch Moskou útnûge wie. Yn it Vrije Volk skreau er syn ûnderfinings op, dêr't er dúdlik yn makke dat er him bewust wurden wie troch Moskou brûkt te wêzen foar propaganda. Dat waard him kwea-ôf nommen en hy waard yn it deiblêd De Waarheid yn in rige artikels as ferrieder fan it Kommunisme ôfskildere.[3] [4]

Bibliografy (ûnfolslein)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Romans
  • Eiland in de branding (1937)
  • Thuisreis (1938)
  • Wrakhout (1939)
  • Margreet (1940)
  • Deining (1948)
  • Mijn oom Becker (1948)
  • Gezegend is het land (1949)
  • Jonker Hendrik onder de rovers (1949)
  • Morgen schijnt weer de zon (1950)
  • Toch wachtte het leven (1953)
  • Vogels in de nacht (1953)
  • Op weg naar de toekomst (1954)
  • Zon door de ruit (1956)
  • Mist (1957)
  • De krielhaan (1960)
  • Attentiesein neer! (1962)
  • 016 (1962)
  • Gezegend is het leven (1963), oer de Maatskippij fan Woldiedichheid yn Frederiksoard.
  • Tijgers van de sneeuwvelden. Roman oer it libben fan Sjerpa Tenzing (1963)
  • Vaart naar het Einde (1964)
Berneboeken
  • Pieter Pieterszoon (1940)
  • Het houtenmannetje (1952)
  • Invasie in San Salvador (1952)
  • De schrik der Wadden (1953)
  • Op 't Zuydlandt gestrand (1955)
  • Jan Bernards onverwachte vakantie (1955)
  • De beer van Jannie (1958)
  • De reis rond Kaap Hoorn (1960)
  • Overval op Juan Fernandez (1961)
  • Orkaan Old Joe (1961)
  • Vlucht uit Kongo (1961)
  • Onrust op het eiland (1963)
  • Nijkeuter, Drentse literatuur

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten: