Klaas Werumeus Buning

Ut Wikipedy
Klaas Werumeus Buning
keunstner
Sels laitsje, (50x40, oalje op paniel) (2007)
Sels laitsje,
(50x40, oalje op paniel) (2007)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Werumeus Buning
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 febrewaris 1955
berteplak Warkum
stoarn 27 novimber 2022
stjerplak Pitersbierrum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
Buorfrou,
(110x110, oalje op doek) (2006)

Klaas Werumeus Buning (Warkum, 20 febrewaris 1955 - Pitersbierrum, 27 novimber 2022) wie in byldzjend keunstner út Pitersbierrum.

Syn oplieding krige hy oan de Frije Akademy (1983-1985) en de Keninklike Keunstakademy yn De Haach. Tusken 1987-1992 die er in jûnsoplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten en wurke as bibletekaris en dosint kreative foarming yn de straffinzenis fan Scheveningen. Nei 1993 is Werumeus Buning semi-profesjoneel keunstner. Hy wurket dan ek mei geastlik en lichaamlik beheinde minsken yn in gesinsferfangend tehús yn Ljouwert. Boppedat is er begelieder/coach fan ferskate skildersgroepen yn Fryslân. Sûnt 2003 wie hy selsstannich keunstner.

Werumeus Buning wie bekend om syn ôfbylding fan minsken yn ynterieuren en om syn bisten. Buning siket nei de ferbylding, iet is eins in ferheftige werjefte fan de werklikheid sa't hy dy sjocht. Faak sit der wat betsjoenends of humoristysk yn. De lêste tid skildert er ek lânskippen. Dy besteane bytiden út skilderijen mei in streekje lân oan de ûnderkant en de rest fold mei wolkens. Oare ûnderwerpen binne bisten, planten en tunen, portretten, katedralen en lichems.

Eksposysjes fan syn wurk wienen te sjen yn de galerys Zofier (Nijskoat), Artemisia (Ljouwert), Mebius (Noordhorn), Twee Pauwen (De Haach) en yn Museum Möhlmann (Appingedam). Wurk is oankocht troch ING Bank, gemeente Nijefurd, gemeente Heerde en Universiteit Grins, it Karmelkleaster yn Drachten, it Frysk Museum (Ljouwert) en it Drintsk Museum (Assen).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: