Kiëvske Petsjersk-lavra
Kiëvske Petsjersk-lavra | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
lânsdiel | Kiëv oblast | |
plak | Kiëv | |
adres | Lavrska Str. | |
koördinaten | 50° 26' N 30° 33' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Otterdokse Tsjerke fan de Oekraïne | |
oprjochting | 1051 | |
oprjochter | Antonius fan Kiëv | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | Sûnt de 11e iuw | |
boustyl | Oekraynske barok | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
It Kiëvske Petsjersk-lavra (Oekraynsk: Києво-Печерська лавра, Russysk: Киeво-Печерская лавра), ek bekend ûnder de namme Hoalekleaster fan Kiëv, is in histoarysk eastersk-otterdoks kleaster yn Kiëv. Sûnt de stifting as in grottenkleaster yn 1051 is it in wichtich religieus sintrum yn East-Europa.
It kleasterkompleks waard tegearre mei de tegearre mei de Sofiakatedraal ynskreaun yn 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Tal fan toeristen bringe in besite oan it kleaster, dat mei mear as 100 muontsen in aktyf kleaster is. Yn augustus 2007 waard it lavra troch saakkundigen en de ynternetmienskip keazen as ien fan 'e sân wûnders fan 'e Oekraïne.[1]
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd petsjery betsjut grot. It wurd lavra wurdt brûkt om de hege status fan it muontsekleaster fan 'e Eastersk-Otterdokske Tsjerke oan te tsjutten. Sadwaande wurdt de namme fan it kleaster ek wol oerset as it Kiëvske Grotte- of Hoalekleaster.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Nestorkronyk kaam yn 'e 11e iuw de muonts Anontius fan it Esfigmenou-kleaster op Atos werom nei syn bertegrûn en sette him nei wenjen yn Kiëv. Hy socht in grot út op 'e Berestov-berch, dat útsjoch bea oer de Dnjepr. Al gau dêrnei woeks om Antonius in mienskip fan muontsen. Prins Izjaslav I fan Kiëv droech de hiele berch oer oan de muontsen, dy't dêr in kleaster bouden ûnder lieding fan arsjitekten út Konstantinopel en dat it sintrum waard foar it kerstenjen fan 'e Oekraïne en in grutte rol spile by de kulturele ûntwikkeling fan it âlde Ruslân.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lavra bestiet út in grut tal gebouwen fan klokketuorren oant katedralen, poarten, grotkompleksen en stiennen fortifikaasjes. De wichtichste dêrûnder binne de Grutte Lavra Klokketoer en de rekonstruearre Untsliepeniskatedraal, dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige waard. Oare tsjerken binne de Refektoariumtsjerke, de Alderheljentsjerke, de Ferlossertsjerke, de Krúsferheffingstsjerke, de Trije-ienheidstsjerke, de Tsjerke fan 'e Berte fan 'e Jongfaam, de Tsjerke fan 'e Untfinzenis fan 'e hillige Anne en de Tsjerke fan 'e Boarne dy't Libben jout. Dêrnjonken telt it lavra noch tal fan oare gebouwen lykas it Nikolaaskleaster, de Teologyske Akadeemje en Seminaarje fan Kiëv en de stiennen fortifikaasjes.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte klokketoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grutte Lavra Klokketoer foarmet ien fan 'e meast opfallende gebouwen fan it kleaster en heart ta de wichtichste attraksjes fan it lavra. De toer is 96.5 meter heech en wie de heechste frijsteande klokketoer, doe't er yn 1731-1745 boud waard. It ûntwerp is ôfkomstich fan 'e arsjitekt Johann Gottfried Schädel. De fjouwer ferdjippings tellende toer wurdt ôfsletten fan in gouden koepel.
Untsliepeniskatedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadtsjerke fan it kleaster waard yn de 11e iuw boud en yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige. Dat barde nei't de nazy's de stêd besetten. Neffens de Sovjet-autoriteiten waard de tsjerke ferneatige doe't Dútske troepen oploeken, mar neffens de Dútsers wiene it de Sovjettroepen, dy't de taktyk fan de ferskroeide ierde tapasten. Dy taktyk soe laat ha ta de ferneatiging fan 'e katedraal en ek de brêgen oer de Dnjepr. Ek de kontroversjele eksploazjes yn it sintrum fan 'e stêd soene troch de Sovjets mei sin feroarsake wêze.
Sûnt 1928 wie it kleaster troch de bolsjewiken yn in museum feroare en nei't it kompleks werom jûn waard, duorre it noch oant 1995 doe't de katedraal yn twa jier tiid wer opboud waard. De nije Untsliepeniskatedraal waard yn 2000 ynwijd.
Poartetsjerke fan de Trije-ienheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Trije-ienheidstsjerke stiet boppe de poarte, dy't de tagong ta it kleaster foarmet. Neffens in leginde waard de tsjerke stifte troch de foarst fan Tsjernihiv, Svjatoslav II. Nei in brân yn 1718 waard de tsjerke wer opboud en de gevel en de bûtenmuorren waarden fersierd mei stúkwurk. Oan it begjin fan 'e 20 iuw waarden dielen fan de muorren beskildere troch ikoaneskilders. It ynterieur is fersierd mei 18e iuwske fresko's fan Alimpy Galik.
Refektoariumtsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e refter slút de Antonius en Teodosiustsjerke oan. Yn 'e refter krigen de muontsen te iten. It gebou datearret fan 1893-1895, in tiid dat der noch mear as 1000 muontsen yn it kleaster wennen.
Yn 'e foarse koepel fan 'e tsjerke binne eleminten fan it âlde Byzantium ferwurke. De oanklaaiing fan it ynterieur is in ûntwerp fan Aleksej Sjtsjûsev; de moarmeren ikoanen binne yn neorussyske styl. De skilderijen yn de refter en de tsjerke fan û.o. Ivan Jizjakevytsj datearje út de 20e iuw en hawwe moderne ynfloeden.
Nei't de steatsman Pjotr Stolypin yn 1911 fermoarde wie, waard de routsjinst foar him yn de refektoariumtsjerke holden. Syn grêf leit fuort njonken de tsjerke.
Alderheljentsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Alderheljentsjerke waard tusken 1696 en 1698 boud en is in moai foarbyld fan 'e Oekraynske barok. Karakteristyk foar de gevel fan 'e tsjerke binne de rike arsjitekturale fersierings. Yn 1905 beskilderen studinten fan 'e keunstskoalle fan it lavra de muorren yn 'e tsjerke. De houten ikonostaze bestiet út meardere ferdjippings en is yn it begjin fan 'e 18e iuw foar de tsjerke makke.
Ferlossertsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ferlossertsjerke stiet noardlik bûten de fortifikaasjes fan it lavra, mar heart wol by it lavra-kompleks en it UNESCO-erfgoed. De tsjerke waard boud foar it doarp Berestove om it begjin fan de 11e iuw hinne yn 'e tiid fan it regear fan foarst Volodymyr Monomach. Letter tsjinne de tsjerke as it mausoleum fan de Monomach-dynasty. Ek Joeri Dolgorûki, de stifter fan Moskou, waard yn 'e tsjerke byset.
Grotten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grotten fan it lavra foarmje in systeem fan smelle gongen fan likernôch 1-1,5 meter breed en 2-2,5 meter heech, dy't ferskate sellen en ûndergrûnske kapellen mei inoar ferbine.
Yn 1051 sette de muonts Antonius him nei wenjen yn in âlde grot yn in heuvel by it lavra. De grot waard yn 'e rin fan 'e tiid útwreide mei gongen en trije tsjerken, dy't letter as de "fiere grotten" oantsjut waarden. De âldste grottsjerke is de Tsjerke fan 'e Ferkundiging fan de Hillige Teotokos. Yn 'e grotten wurde de reliken fan 49 hilligen yn skrinen bewarre. De hilligen wurde mei doeken ôfdutsen. Fan guon hilligen binne de hannen of earms te sjen as bewiis dat se net fergien binne, as wiene se juster noch ferstoarn.[2]
De oare grotten binne in netwurk fan tunnels fan it midsiuwske grottekleaster. Se waarden sûnt 1057 úthoud, doe't Sint-Varlaam troch Sint-Antonius as earste abt fan it lavra beneamd waard. Antonius loek him werom fan 'e mienskip en groef op in oar plak in nije ûndergrûnske sel út, it begjin fan in nij grottenstelsel, dy't ta ûnderskieding fan 'e 'fiere grotten' de 'tichteby lizzende grotten' neamd wurde. De grotten binne 5 oant 20 meter djip en hawwe in totale lingte fan 383 meter. Ek dat grottestelsel telt trije tsjerken en dêrnjonken nochris 79 grêven.[3]
Yn 'e Sovjet-tiid waarden út minachting foar reliken de doeken ferwidere, mar nei de fal fan de Sovjet-Uny wurde se wer mei kleden oerdutsen.
Bysettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under it grutte tal grêven yn it lavra binne benammen de folgjende it neamen wurdich:
- Ilja Moeromets - yn 'e grotten (11e oant 12e iuw)
- Nestor de Kronykskriuwer - yn 'e Tichteby lizzende Grotten (1114)
- Sint-Kûksja - yn 'e tichteby lizzende grotten (1114)
- Sint-Alypius - yn 'e tichteby lizzende grotten (1114)
- Agapetus fan Petsjersk - yn 'e tichteby lizzende grotten (11e iuw)
- Oleg, soan fan Volodymyr II Monomach – yn 'e Ferlossertsjerke fan Berestove (12e iuw)
- Eufemia fan Kiëv, dochter fan Volodymyr II Monomach – yn 'e Ferlossertsjerke fan Berestove (1139)
- Jûri Dolgorûki – yn 'e Ferlossertsjerke fan Berestove (1157)
- Skirgaila, regint fan Litouwen; grutfoarst fan Kiëv) (1397)
- Konstantyn Ivanowitsj Ostrozjski - by de Untsliepeniskatedraal (1530)
- Vasyl Kotsjûbej - by de refektoariumtsjerke (1708)
- Ivan Iskra – by de refektoariumtsjerke (1708)
- Pjotr Stolypin – by de refektoariumtsjerke (1911)
- Sint-Spiridon - yn 'e grotten (19e iuw)
- Paus Klemens I (holle) – yn 'e fiere grotten
-
Ynterieur katedraal
-
Tsjerke fan Teodosius fan de Grotten
-
Tsjerke fan de Boarne dy't Libben jout
-
Krúsferheffingstsjerke
-
Untfinzenis fan Sint-Annatsjerke
-
Ferkundigingstsjerke
-
Sint-Nikolaastsjerke
-
Opstanningstsjerke
-
Ikonostaze katedraal
-
Muorren
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kiev Pechersk Lavra
|