Springe nei ynhâld

Kitsune

Ut Wikipedy
Prins Hanzoku kjel makke troch in kitsune mei njoggen sturten.

In kitsune (Japansk: 狐 of キツネ; útspr.: [ˈkitsɯne], likernôch: "kyt-sû-nee"; Lûdsfragmint beharkje) is in mytysk wêzen út 'e folkloare fan Japan yn 'e foarm fan yntelliginte foks mei boppenatuerlike fermogens. It wurd kitsune betsjut yn it Japansk gewoan "foks", mei't foarhinne oannommen waard dat alle foksen sokke fermogens hiene. Sa soene hja fan stal wikselje kinne troch in minsklike foarm oan te nimmen. Harren boppenatuerlike fermogens soene boppedat oanwaakse neigeraden dat se âlder en wizer waarden. Aldens en wiisheid soene ôflêzen wurde kinne oan 'e hân fan it tal sturten dat in kitsune hie, want wat âlder it bist waard, wat mear sturten er krige, oant in maksimum fan njoggen.

Yn it Alde Japan libben minsken en foksen deun opinoar, wat resultearre yn in ferskaat oan myten en leginden oer de bisten. It idee fan 'e kitsune as in mytysk wêzen kaam lykwols út Sina, dêr't folksferhalen bestien oer foksegeasten dy't húli jīng hieten, dy't ek oant njoggen sturten hawwe koene. Fia Japanske keaplju dy't hannel dreaune yn Sina berikten dy ferhalen Japan, dêr't se yn fruchtbere ierde foelen. Foksen rekken boppedat yn Japan meitiid assosjearre mei Inari, in sjintoïstyske kami of godheid, dy't se as boadskippers tsjinnen. Dy rol sterke de boppenatuerlike eleminten fan 'e foks yn 'e Japanske kultuer noch fierder oan.

Guon Japanske folksferhalen geane oer kitsune dy't harren fermogen om in minsklik stal oan te nimmen brûke om minsken op 'e doele te bringen, krekt sa't foksen dat ek yn 'e Westerske kultuer geregeldwei mei oaren dogge (bgl. yn it ferhaal fan Rein de Foks). Yn it Edo-tiidrek (1603-1867), in bûtengewoan byleauwige perioade út 'e Japanske skiednis, waarden kitsune beskôge as heksen. Foksen, en ek guon dassen en katten, waarden doe net fertrout. Ut âldere folksferhalen (en lettere literêre wurken) komme kitsune lykwols nei foarren as trouwe wachters of beskermingels en ek wol as freonen of sels minners. Dat lêste motyf is ornaris beheind ta ferhalen oer in jonge man en in tsjeppe froulike kitsune.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.