Kirkoswald (Skotlân)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kirkoswald
Peggy's Tearoom and Main Street, Kirkoswald - geograph.org.uk - 1437677.jpg
Sifers
Ynwennertal 194 (1991)
Polityk
Lân Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje
Lânsdiel Flag of Scotland.svg Skotlân
Greefskip Ayrshire
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC +1
Koördinaten 55°19′48″N 4°46′00″W

Kirkoswald (Skotsk: Kirkossald) is in doarp yn it distrikt Carrick fan it Skotske histoaryske greefskip Ayrshire. It leit yn súdwestlik Skotlân, oan 'e kust fan 'e Skotske See, 4½ km súdwestlik fan it doarp Maybole.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirkoswald is ferneamd nei de tsjerke (kirk) dy't wijd is oan 'e hillige Oswald fan Noardumberje, dy't neffens it ferhaal op dit plak yn 'e sânde iuw de oerwinning yn in fjildslach behelle. De âlde tsjerke, út 1244, wêrfan't de doopfont noch brûkt wie by de doop fan 'e Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, yn 1274, is no in ruïne op it tsjerkhôf fan 'e nije tsjerke. Dy waard boud yn 1777, nei in ûntwerp fan Robert Adam. Kirkoswald is ek bekend fanwegen de konneksje mei de grutte Skotsktalige dichter Robert Burns. De Brouns, de famylje fan syn mem, kamen út Kirkoswald, en sels gied er der in hoart nei skoalle, en neitiid basearre er guon fan syn gedichten op doarpelingen út Kirkoswald.

Demografy en geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 hie Kirkoswald in befolking fan 194 minsken. De lyknammige parish ("parochy") hat in oerflak fan 60,3 km², en omfiemet ek it kustdoarp Maidens, dat yn 1991 567 ynwenners hie. Ta de besjensweardichheden yn 'e himrik fan Kirkoswald hearre de kastielen fan Culzean en Thomaston en de ruïnes fan 'e Abdij fan Crossraguel en it Kastiel fan Turnberry.

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.