Kipfeart
Appearance
De Kipfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân beëasten de stêd Snits. De feart rint fan Gau yn súdeastlike rjochting ûnder de Koaiwei troch nei de Gaustersyl om dêr út te rinnen yn de Gauster Hoppen en de Snitser Mar.
De namme Kipfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kipsloot.