Gauster Hoppen

Ut Wikipedy

De Gauster Hoppen is in marke yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is in ynham oan de noardwestkant fan de Snitser Mar by de Gaustersyl. De ynholte is troch in smelle stripe hast hielendal ôfsluten fan de Snitser Mar.

In hop of hoppe is in âlde namme foar in ynholte.

De namme Gauster Hoppen jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gauwsterhoppen.