Kiedrich
Kiedrich | ||
Riedshûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4136 (31.12.2023) | |
Oerflak | 12,34 km² | |
Befolkingsticht. | 335 ynw./km² | |
Hichte | 165 m | |
Oar | ||
Postkoade | 65399 | |
Koördinaten | 50° 2' N 8° 5' E | |
Offisjele webside | ||
www.kiedrich.de | ||
Kaart | ||
Kiedrich is in gemeente yn 'e Ryngoa yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn Hessen, Dútslân.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kiedrich leit yn 'e Ryngoa op 'e súdlike helling fan 'e Taunus, likernôch twa kilometer noard fan Eltville am Rhein en trije kilometer fan 'e Ryn. Kiedrich wurdt hast hielendal omklamme troch de gemeente Eltville am Rhein. Allinne yn it noarden is in koarte mienskiplike grins mei de gemeente Schlangenbad.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kiedrich wurdt foar it earst yn in oarkonde fan it bisdom Mainz neamd. De oarkonde is net datearre, mar stamt út de tiid fan aartsbiskop Friedrich (937-954). Om 1160 hinne waard mei de bou fan it kastiel Scharfenstein útein set. Yn Kiedrich wurdt al sûnt 1131 oan wynbou dien.
By it referindum oer de Anschluss fan Eastenryk op 10 april 1938 stimde in relatyf grut diel fan 'e befolking tsjin. Dêrmei stie de gemeente yn 'e NS-tiid bekend as in "nein"-gemeente.
By de gemeentlike weryndieling fan Hessen yn 'e jierren 1970 bleau Kiedrich oars as oarspronklik it doel wie in selsstannige gemeente.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kiedrich stiet bekend fanwegen de goatyske tsjerke Sint-Falentyn. De tsjerke wurdt troch in muorre omfieme en by de tsjerke stiet in goatyske oan 'e aartsingel Michael wijde dûbelkapel út 1444. De útsûnderlik rike goatyske ynrjochting fan 'e tsjerke is yntakt bleaun.
It renêssânse riedshûs datearret fan 1585.
Fan it kastiel Scharfenstein bleau allinne in ruïne oer. De ruïne stiet oan 'e wei fan Kiedrich nei Hausen vor der Höhe op in 230 meter hege rots.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kiedrich leit yn it gebiet dêr't de grutste slangesoarte fan Dútslân foarkomt. De eskulaapslang kin 2 meter lang wurde, mar is net giftich. It is ien fan 'e twa isolearre populaasjes yn Dútslân. Mei wat gelok kin de slang oan it "Schlangenpfad" sjoen wurde. It Schlangenpfad leit fan Kiedrich út yn 'e rjochting fan Hausen. Sa'n 300 meter út de kom fan Kiedrich moat rjochts nei it Schützenhaus of de Egertmühle ôfslein wurde.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Scharfenstein
-
Bingerpfortenstraße
-
Subt-Falentyntsjerke
-
Köther Hof
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|