Schlangenbad

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Schlangenbad
Schlangenbad in RÜD.svg
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Wappen Gemeinde Schlangenbad.svg
Sifers
Ynwennertal 6.517 (31.12.2020)
Oerflak 36,55 km²
Befolkingstichtens 178 / km²
Hichte 320 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Hesse.svg Hessen
Lânkring Flagge Rheingau-Taunus Kreis.svg Rheingau-Taunus-Kreis
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 6´N 8° 5´E
Webside www.schlangenbad.de

Schlangenbad is in gemeente en kuerplak yn it Taunusberchtme yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. Schlangenbad grinzget oan Wiesbaden, de haadstêd fan de dielsteat. De namme fan it plak is ôflaat fan de eskulaapslange, in slange dy't foarkomt yn it mediterane gebiet, mar tanksij it lokaal geunstige klimaat foar it reptyl bestiet der ek in populaasje yn de kontreien fan Schlangenbad.

Gemeenteyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schlangenbad is it belangrykste plak fan de gemeente. It kuerplak leit op in hichte fan 320 meter boppe seenivo yn in delte fan de boskrike Hege Taunus dêr't de Warme Bach yn 'e Walluf mûnet. It plak leit 12 kilometer fan Wiesbaden, 7 kilometer fan Eltville am Rhein en 7 kilometer fan Bad Schwalbach.

Oare plakken binne:

  • Niedergladbach
  • Obergladbach
  • Hausen vor der Höhe
  • Bährstadt
  • Wambach
  • Georgenborn

It heechste punt fan de gemeente leit oan de westlike helling fan de Hohen Wurzel op 544 meter.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schlangenbad

Schlangenbad waard yn it jier 1694 as kuerplak boppe de mûning fan de Warme Bach oanlein. Yn 1818 waard de delsetting in gemeente. Georgenborn waard op 1 april 1939 in Ortsteil fan de gemeente Schlangenbad. Op 31 desimber 1971 folge de eardere gemeente Wambach en op 1 july 1972 de gemeenten Bärstadt, Hausen vor der Höhe, Niedergladbach en Obergladbach.

De waarme boarnen fan Schlangenbad waarden yn it midden fan de 17e iuw ûntdutsen. Nei in publikaasje fan Francis Bond Head (Bubbles from the Brunnens of Nassau) yn 1834 waarden de Taunus-baden populêr under Britten. It tal Frânske gasten wie in skoft heech nei't ek de Frânske keizerinne Eugénie it kuerplak ferskate kearen besocht. Dútske aristokraten mochten graach yn Schlangenbad wêze om't hja dêr gewoan ûnbehindere kuere koene.

Hjoed-de-dei binne der meiïnoar njoggen boarnen frijmakke, dy't mei temperatueren tusken 21 en 32 graden celsius op de súdlike helling fan de Bärstädter Kopf ûntspringe. Yn Schlangenbad wurde reumatyske en oare ûnstekkingssyktes behannele.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.