Kestert

Ut Wikipedy
Kestert
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal 580 (2021)
Oerflak 6,88 km²
Befolkingsticht. 84 ynw./km²
Hichte 70 m.
Oar
Postkoade 56348
Koördinaten 50° 11' N 7° 38' E
Offisjele webside
kestert.welterbe-mittelrhein.de
Kaart
Kestert (Rynlân-Palts)
Kestert

Kestert is in plak yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Kestert heart by it gemeenteferbân Loreley en leit sintraal yn it UNESCO-wrâlderfskip "Midden-Ryndelte", in streek dy't ferneamd is fanwegen de kastielen, histoaryske stêden en wynbou. Kestert is in fan oerheidswegen erkend toeristeplak.

Kestert kaam yn it nijs, doe't op 15 maart 2021 likernôch 15.000 m³ rots delstoartte. Wikenlang bleau it spoar by Kestert, dat it frachtferkear fan Rotterdam mei Genua ferbynt, ôfsletten. Ek de dyk fan Koblenz nei Rüdesheim koe foar in skoft net mear brûkt wurde. Om de rots te stabilisearjen moasten mei kontrolearre eksploazjes nochris 2.000 m³ lossittende stikken rots romme en ôffierd wurde. By it delstoarten fan de rots binne gjin persoanlike ûngelokken bard.[1]

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katolike Joaristsjerke (Dútsk: Kirche St. Georg) waard yn 1779 yn de barokke styl boud. Yn 1958 bouden hja oan de tsjerke in sydskip oan, dat yn 2011 wer ôfbrutsen waard. Yn de tsjerke steane ferskate barokke bylden fan hilligen.

Net fier fan Kestert lizze de kastielen Liebenstein en Sterrenberg, dy't bekend binne ûnder de namme "Die feindlichen Brüder" (oers.: de fijannige bruorren) en de 132 meter hege Lorelei by Sankt Goarshausen.

Súdlik fan it doarp leit de tagong ta de Pulsbachklamm, in kuierpaad troch in kleau mei de 4,5 km lange Pulsbach, dy't it wetter oer in grut tal wetterfallen en wetterfaltsjes nei de Ryn ôffierd.

Bekende persoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]