Springe nei ynhâld

Keninkryk Esseks

Ut Wikipedy
Brittanje om 800 hinne
Est Seaxna
Wapen Esseks

It Keninkryk Esseks (Est Seaxna) wie ien fan de sân tradisjonele Angelsaksyske keninkriken (Heptargy) fan Ingelân en waard om it jier 500 hinne stifte. It keninkryk Esseks bestie likernôch út it Esseks fan no, Hertfordshire en Middelseks. In grut stik skiednis fan Esseks leit yn it tsjuster. [1]. It langste skoft fan syn bestean, wie de kening fan Esseks ûnderhearrich oan in hear, de ferskate keningen fan Kent, Anglia of Mersia..[2]

It keninkryk waard yn it noarden begrinzge troch de rivier de Stour en it Keninkryk East-Anglia, yn it suden troch de rivier de Teems en it Keninkryk Kent, yn het westen troch it Keninkryk Mersia, en yn it easten waard de grins foarme troch de Noardsee.

It keninkryk Esseks wurdt foar it earst neamd yn in beskriuwing yn Beda syn Historia ecclesiastica gentis Anglorum oer de oankomst fan biskop (en letter hillige) Mellitus yn Londen yn 604. It boppeneamde gebiet hie teffens de twa eardere provinsjale Romeinske haadstêden Colchester en Londen. Foar in koart skoft tiid yn de 8e iuw omfieme it keninkryk Esseks ek it keninkryk Kent, mar yn 812 kaam it grutste part fan it keninkryk -mei Londen- sels ûnder de hearskippij fan it keninkryk Mersia, en waard it in hartochdom. Nei de nederlaach fan kening Beornwulf om 825 hinne kaam Esseks under hearskippij fan kening Egbert fan Wesseks. Yn 870 waard Esseks wer ôfstien troch Wesseks, by it Ferdrach fan Wedmore, oan it Keninkryk East-Anglia yn 'e Danelaw.

List fan keningen fan Esseks

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It keningshûs fan Esseks woe hawwe dat sy ôfstammelingen wienen fan de god Seaksneat, de oare saksen beskôgen harren as ôfstammelingen fan de god Weda.
De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers fan Esseks (lykas by de oare hearskers yn de heptargy ek it gefal is) binne meast oannames.

# NAMME PERIOADE Opmerkingen:
1 Aeskwine 527 - 587
2 Sledda 487 - 604 soan fan Aeskwine
3 Saebert 604 - 616 soan fan Sledda
4 Seksred 616 - 617 soan fan Saebert
5 Saeward 616 - 617 soan fan Saebert
6 Sigebert I de lytse 617 - 653 soan fan Saeward
7 Sigebert II de goede 653 - 660
8 Swithelm 660 - 664 broer fan Sigebert II
9 Sighere 664 - 683 neef fan Swithelm
10 Sebby 664 - 694 neef fan Swithelm
11 Sigeheard 694 - 709 soan fan Sebby
12 Swaefred 694 - 709 soan fan Sebby
13 Offa 709 soan Sigeheard
14 Saelred 709 - 746
15 Swaefbert 709 - 738
16 Swihtred 746 - 758 pakesizzer fan Sigeheard
17 Sigerik 758 - 798 soan fan Saelred
18 Sigered 798 - 812
812 - 825
soan fan Sigeric
hartoch fan Esseks (812-825)
812 Esseks behearske troch Mersia
825 Esseks behearske troch Wesseks

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H Hamerow, Excavations at Mucking, Volume 2: The Anglo-Saxon Settlement (English Heritage Archaeological Report 21, 1993)
  2. Yorke, Barbara. Haadstik The Kingdom of the East Saxons yn Anglo-Saxon England,1985; |s. 31–36. Cambridge University Press