Springe nei ynhâld

Kelvin Kiptum

Ut Wikipedy
Kelvin Kiptum
sporter
Kelvin Kiptum (2023)
Kelvin Kiptum (2023)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kelvin Kiptum
nasjonaliteit Keniaansk
bertedatum 2 desimber 1999
berteplak Chepsamo
stjerdatum 11 febrewaris 2024
stjerplak Kaptagat
lingte 1.80 m
gewicht 65 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Maraton
trener Gervais Hakizimana
debút 2022
karriêre-ein 2024
ekstra Wrâldrekôr maraton
(2:00:35 Chicago 2023)

Kelvin Kiptum (Chepsamo, 2 desimber 1999 - Kaptagat, 11 febrewaris 2024) wie in Keniaansk atleet, dy't útkaam op de maraton. Yn desimber 2022 makke hy syn debút op de folsleine maraton. Hy rûn op de Maraton fan Falinsia in tiid fan 2:01.53, in parkoersrekôr. Hjirmei rûn er op dat stuit de op trije nei rapste tiid ea en wie er de op twa nei rapste maratonrinner fan alle tiden. Yn april 2023 wûn er de Maraton fan Londen yn 2:01.25, de twadde rapste maratontiid ea rûn, 16 sekonden stadiger as Kipchoge's wrâldrekôr fan 2:01.09.

Op 8 oktober 2023 rûn Kiptum in nij wrâldrekôr op de Maraton fan Chicago, yn in tiid fan 2:00.35. Kiptum wie dêrmei de earste persoan dy't de maraton trije kear ûnder de 2:02.00 oere rûn hat, en dat boppedat yn syn earste trije folsleine maratons.

Kelvin Kiptum ferstoar op 11 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 24 jier, as gefolch fan in slim auto-ûngelok yn syn bertelân Kenia. Ek syn trener Gervais Hakizimana kaam by it ûngelok te ferstjerren.[1][2]

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Underdiel Prestaasje Datum Plak
10.000 m 28.27,87 4 maaie 2021 Stockholm
10 km 28.17 6 oktober 2019 Utrecht
heale maraton 58.42 6 desimber 2020 Falensia
maraton 2:00.35 (WR) 8 oktober 2023 Chicago

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL