Keatsjen

Ut Wikipedy

Keatsjen is in iisspul dat midden de 20e iuw noch dien waard yn de omkriten fan Akkrum en Terherne.

Foar it spul wienen nedich:

  • in tal keatten, út kowehakken, dy't by de slachter helle waarden;
  • in bol: in silinderfoarmich stik hurdhout, op de snijflakken ôfrûne;
  • in lange juffer: in peal om de weismitene bol oan de ein te kearen.

De keatten waarden yn de lingte fan de baan op in rige setten, ôfhinklik fan it tal spilers. Bygelyks fiif spilers mei elk 20 keatten. Elk smiet mei de bol nei de efterste keat. Rekke men oaren, dan moast men safolle sinten by de rige sette as de keatten omsmiten wienen. Sa koe de lêste smiter, dy't it jild opkrije mocht, bytiden wol in ryksdaalder winne.

Ek yn Hollân en yn Flaanderlân waard keatte. De regels wienen lykwols net oeral krekt itselde, mei as in grut ferskil dat it bûten Fryslân op fêste grûn spile waard.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]