Springe nei ynhâld

Kea Homan

Ut Wikipedy
Kea Homan
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kea Martha Homan
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 maaie 1939
berteplak Assen
stoarn 17 july 2024
stjerplak Assen
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder,
grafikus
jierren aktyf 1961-20?

Kea Martha Homan (Assen, 17 maaie 1939 - dêre, 17 july 2024) wie in Nederlânsk keunstskilder, grafikus en dosinte tekenjen.

Homan krige oan de Rijks Hogere Burgerschool yn Assen les fan de skilder Bart Pots. Se ferfolge har oplieding oan de Akademy Minerva yn de stêd Grins, dêr't se in learling wie fan Nico Bulder (grafyske techniken), Evert Musch (skilderjen) en Willem Valk (boetsearje). Yn 1961 studearre se ôf en waard dosinte tekenjen oan de húshâldskoallen yn Stienwyk, Dokkum en Tolbert, oant 1992 joech se les oan in mavo yn Rolde. Homan hold him as keunstner earst benammen dwaande mei skilderjen, tekenjen, etsen en lithografearen, mar ferlei de fokus nei it meitsjen fan houtfiken. Se sleat har oan by it Drents Schildersgenootschap dat har, mei help fan it Anjerfûns yn steat stelde stúdzjereizen te meitsjen. Oersjochútstalling fan har wurk wiene ûnder mear te sjen yn it Drintsk Museum (1986) en by Pictura (1997) yn Grins. Homan wie lid fan de Drintske beoardielingskommisje foar de Byldzjende Keunstners Regeling (BKR), en siet fan 1973 oant en mei 1976 foar de Partij fan de Arbeid yn de gemeenteried fan Assen. Kea Homan ferstoar op 17 july 2024, yn 'e âldens fan 85 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: