Springe nei ynhâld

Het Cultuurfonds

Ut Wikipedy
Logo fan Het Cultuurfonds, 2023
It logo fan it Prins Bernhard Kultuerfûns
Plakette fan it Prins Bernhard Kultuerfûns (Mûne De Hoop, yn Zoetermeer)

Het Cultuurfonds (oant 7 novimber 2023: Prins Bernhard Cultuurfonds, oant 1999: Prins Bernhardfonds, 1940-1945: Spitfire Fund), ek bekend as it Anjerfonds stipet kultuer en natuerbehâld yn Nederlân.

It fûns waard op 10 augustus 1940 yn Londen oprjochte ûnder de namme Spitfire Fund. Dit om jild te garjen foar de oankeap fan kriichsmateriaal. Prins Bernhard wie fan de oprjochting ôf regint. Mear as de helte fan it ynbrochte jild waard oan de Nederlânske regearing skonken foar de finansiering fan bommesmiters, torpedoboaten, de torpedojager Jan van Galen en in Dakota-hospitaalfleantúch. De rest fan it jild waard oan de Britske regearing oerhannige as bydrage yn de oanskaf fan Spitfires.

Nei de kriich krige it fûns in oare doelstelling: “de befoardering fan de geastlike striidberens middels kulturele selswurksumheid”. Der kaam in algemien bestjoer mei fertsjintwurdigers fan alle libbensskôglike en politike geledings út de Nederlânske maatskippij. Prins Bernhard bleau regint. Yn 1950 stelden regint en bestjoer in bysûndere ûnderskieding yn foar persoanen dy’t harren belangeleas ynsetten hawwe foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen: de Sulveren Anjer. De finansjele grûnslach foar de Sulveren Anjer waard foarme troch it legaat fan de geheim agint Thijs Taconis, dy’t yn septimber 1944 yn Mauthausen deasketten waard.

Provinsjale ôfdielings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de oanfragen foar finansjele stipe mei in regionaal of pleatslik karakter te beoardielen, waarden yn 1947 yn alle provinsjes en yn de trije grutte stêden dochterfûnsen oprjochte. De kommissarissen fan de Keninginne waarden foarsitter fan dizze ôfdielings. Dizze struktuer en taakferdieling bestiet noch altyd. De ôfdielings fan de grutte stêden binne yn 2006 yntegrearre yn de provinsje wêr't de stêd stiet.

De wichtichste boarne fan ynkomsten wie jierrenlang de Anjeraksje. De dûbeltsjes en kwartsjes dy’t troch de pleatslike Anjerkomitees ynbrocht waarden floeiden nei de ôfdielings. Dy makken in diel fan de opbringst oer nei it lanlike fûns. Dat lanlike fûns besocht ek op tal fan manieren jild byelkoar te garjen, lykas it hâlden fan benefytfoarstellingen, galapremjêres, de ferkeap fan spjeldsjes en keunstartikels en it organisearjen fan aksjes yn gearwurking mei bedriuwen. Ek waarden reproduksjes fan portretten fan leden fan it Keninklik Hús ferkocht. Mei it jild subsidiearre it fûns wer ferskate ferienings, keunstners, tentoanstellingen, stúdzjereizen, publikaasjes op wittenskiplik gebiet en foarmingsaktiviteiten.

Tusken 1960 en 1975 feroare it fûns. Yn 1960 krige it in fêst oandiel yn de opbringst fan de fuotbaltoto, neist de anjeropbringsten en ynsidintele opbringsten fan wervingsaksjes. Dat late ta in fêste ynkomstenboarne dy’t it fûns minder ôfhinklik makke. Dêrnei wist it fûns in oandiel te krijgen yn de Girolotterij, de hjoeddeiske BankGiro Lotterij en yn 1974 de yntrodusearre Lotto. De sterke groei fan de ynkomsten hie yngripende ynterne gefolgen. It belied waard pragmatysker, saakliker en profesjoneler en neist it finansjeel stypjen fan kultuerele inisjativen rjochte it fûns har ek op it jaan fan opjeften, prizen en beurzen. Foar alle aktiviteiten is hjoeddeis in jierbudzjet fan likernôch 24 miljoen beskikber.

Jierliks stipet it fûns likernôch 4000 projekten op kultureel mêd. It fûns ferrjochtet har wurk op fiif wurkterreinen:

  • Poadiumkeunsten
  • Byldzjende keunst
  • Monumintesoarch
  • Skiednis en letteren
  • Natuerbehâld

Derneist jout it fûns ek stúdzjebeurzen oan jong talint en stipet musisy en byldzjende keunstners.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


  • Martinus Nijhoff Fertaalpriis/Prins Bernhard Kultuerfûns. Priis foar oersettingen.
  • David Röell Priis/Prins Bernhard Kultuerfûns. Priis foar byldzjende keunst
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Monumintepriis
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Priis foar natuerbehâld
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Muzykpriis
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Priis foar de geasteswittenskippen
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Priis foar tapaste keunst en boukeunst
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Priis foar keunst- en kultueredukaasje
  • Prins Bernhard Kultuerfûns Teaterpriis
  • BankGiro Lotterij Museumpriis

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hiemside fan it fûns