Kazandmûne

Ut Wikipedy
Kazandmûne
mûne / mole
lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
plak Rumbeke
adres Mandellaan
koördinaten 50° 56' N 3° 09' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
boujier 1813
oare ynformaasje
eigner Molens Joy N.V.
Webside
molensjoye.be
Kaart
Kazandmûne (West-Flaanderen)
Kazandmûne

De Kazandmûne is in stiennen nôtmûne yn it Belgyske plak Rumbeke, in dielgemeente fan Roeselare yn de provinsje West-Flaanderen. It is de iennige noch besteande mûne fan de earder trettjin mûnen dy't yn Rumbeke stien hawwe. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan 'Caeslant', de namme fan in stik grûn tichteby de mûne. De mûne krige yn de rin fan de tiid in soad nammen dy't ferwiisden nei de eigner. Pas sûnt 1936 draacht de mûne de hjoeddeiske namme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1773 boude Jacobus-Emmanuel Mattys in houten standermûne om oalje te stampen. It mûnehûs waard yn 1785 ferkocht oan Hilarus Demets, dy't mear as in heale iuw op de mûne wurke en dy de namme Metskens-mûne joech.

Yn 1810 baarnde de mûne en it mûnehûs folslein ôf, wernei't de mûne yn 1813 yn de hjoeddeiske foarm mei bakstiennen op 'e nij boud waard. Henri Dumoulin, dy't de mûne yn 1869 kocht, boude in hege skoarstien by de mûne en liet in stoommasine sette. Nei't de mûne yn 1876 ferkocht waard, lieten de nije eigners de skoarstien en stoommasine wer ferwiderje.

Op 7 novimber 1928 waard de mûne kocht troch de maatskippij "Eigen Heerd" út Rumbeke om tefoarren te kommen dat de mûne sloopt wurde soe. Nei in restauraasje waard de mûne fierder troch Michel Joye oan it wurk holden, de jongste soan fan de doetiidske pachter. Yn 1936 wie it dien mei de mûne op wynkrêft en waard der in dieselmotor set. Yn 1941 kocht Michel de mûne fan de maatskippij op betingst dat er dy oan it wurk sette soe. Op 4 april 1942 krige de mûne de status fan beskerme monumint.

Op 16 novimber 1943 baarnde de Kazandmûne folslein út. Fan 1956 oant 1957 fûn weropbou plak en yn 1959 draaiden de wjukken wer. Fan 1982 oant 1983 waard de stiennen romp restaurearre. De mûne waard foar it lêst restaurearre sûnt 2006 en doe wer mealree makke en op 8 septimber 2007 feestlik yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Kazandmolen