Springe nei ynhâld

Kazan (stêd)

Ut Wikipedy
Kazan
Казань
Qazan
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Autonome republyk Tatarstan
Sifers
Ynwennertal 1.314.685 (2023)
Oerflak 588,98 km²
(stedsdistrikt: 638,39 km²)
Befolkingsticht. 2.232,12 ynw./km²
Stêdekloft 1.560.000 ynw. (rûzing 2015)
Hichte 60 m (sintrum)
Oar
Stifting 1005, 1391 (stedsstatus)
Postkoade 420000-421992
Tiidsône UTC+3
Koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Offisjele webside
www.kzn.ru
Kaart
Kazan (Jeropeesk Ruslân)
Kazan

Kazan (Russysk: Казань, Tataarsk: Qazan of Казан) is in grutte stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân oan de iggen fan de Wolga, haadstêd fan de autonome republyk Tatarstan.

Kazan is in drok hannelssintrum op de grins fan Jeropa en Azië mei in ryk kultureel libben, dat ferlike wurde kin mei dat fan Moskou en Sint-Petersboarch. Sûnt 1801 is Kazan in universiteitsstêd en sûnt 2005 hat de stêd ien fan de grutste moskeeën fan Jeropa; de Kûl Sjarif-moskee. Yn 2005 fierde Kazan syn tûzenjierrich bestean.

De oarsprong fan de namme Kazan is net wis. De letterlike fertaling fan it Tataarske wurd qazan is "itensiederspot", mar soe ek ôflaat wêze kinne fan it wurd qazğan, dat "útdold" of "groppe" betsjut.

In qazan wie oarspronklik in soarte fan panne dy't wol wat fan in wok hie. De namme Qazan soe sa te meitsjen hawwe kinne mei de lizzing fan de stêd yn in delling dy't de foarm fan in qazan-panne hat. Teffens giet it romantysker ferhaal fan de Tataarske prinsesse Söyembikä, dy't by it ôfwaskjen in gouden qazan yn de rivier falle litten hawwe soe, op it plak fan de stêd fan no.

De stêdekloft Kazan hat in befolking fan 1,56 miljoen.

Jier 1550 1557 1800 1830 1839 1859
Ynwenners 50.000 7.000 40.000 43.900 51.600 60.600
Jier 1862 1883 1897 1917 1926 1939
Ynwenners 63.100 140.000 130.000 206.600 179.000 398.000
Jier 1959 1979 1989* 1997 2000 2010*
Ynwenners 667.000 989.000 1.094.378* 1.076.000 1.089.500 1.143.535*
Jier 2023
Ynwenners 1.314.685

(*) Folkstelling.

Stedsdistrikten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kazan is ferdield yn sân distrikten:

Nûmer Distrikt Befolking
(2010)
Oerflak
(km²)
Kaart
1 Aviastroitelni 111.405 38,91
2 Vakhitovski 86.202 25,82
3 Kirovski 109.125 108,79
4 Moskovski 130.537 38,81
5 Novo-Savinovski 202.997 20,66
6 Privolsjski 227.755 115,77
7 Sovetski 275.514 167,00

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kazanka right bank Both banks of Kazanka

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) N. Lobatsjevski/ Famous people / Offisjele webside fan de stêd Kazan