Springe nei ynhâld

Kategory oerlis:Oersetter

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Troch de skriuwer

[boarne bewurkje]

Hawwe wy in kategory Oerset troch de skriuwer? En attendant Godot Mysha (oerlis) 11 nov 2024, 13.40 (CET)[beäntwurdzje]

Nee. Wat oersettings oangiet hawwe wy allinnich: Kategory:Fryske oersetting, dus foar literatuer oerset út oare talen nei it Frysk ta. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 nov 2024, 23.12 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, mar de fraach wurdt dan fansels: Wolle wy dat? Mysha (oerlis)
In kategory:Oerset troch de skriuwer? Om my hoecht it net. Wat foeget dat ta as we de taal der net by dogge dêr't it nei ta oerset is? En as we dat dogge, dan komt der net ien kategory by mar miskien wol tsientallen. Mar as jo graach sa'n kategory tafoegje wolle, dan stiet dat jo frij. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 nov 2024, 19.27 (CET)[beäntwurdzje]
(Ik haw in keppeling 'beäntwurdzje' fûn. No noch sjen wat at it docht:) "Oerset troch de skriuwer", seit eat oer it boek, benammen dat it oerset is troch ien dy't grif krekt wist wêr't it boek fan fertelde. Ik nim oan dat it wat in kwaliteitsmerk foar oersettings is: Der is in side apart makke om oan te jaan dat dat in oersetting fan it boek is, mei de spesjale oantsjutting dat dy troch de skriuwer sels dien is.
Mysha (oerlis) 13 nov 2024, 13.28 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat is wol sa, dat dat wat oer it boek seit, mar bygelyks de keunstner dy't de omslachôfbylding makke hat of de útjouwerij dy't it boek útjûn hat, seit ek wat oer it boek. En dêr hawwe wy ek gjin kategoryen fan. De fraach is: seit it genôch oer it boek dat der in kategory foar komme moat. Sa't ik al sei hoecht dat om my net, mar as jo der oars oer tinke, meie jo bêst sa'n kategory oanmeitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 nov 2024, 19.38 (CET)[beäntwurdzje]