Kategory oerlis:Americana
@FreyaSport: Goeie. Ik freegje my ôf oft dizze term ferfryske wurde moat. It is in resint lienwurd út it Ingelsk, ferlykber mei "country" en "curling", dêr't we it ek yn it Ingelsk stean litte. Yn prinsipe bliuwe Ingelske lienwurden yn it Frysk altyd yn 'e Ingelske stavering stean, of it moat wêze dat de ferfrysking troch frij algemien gebrûk ynboargere rekke is, lykas by "kompjûter" en "plestik" (mear fan dat soarte wurden soe ik ek net betinke kinne, en "computer" en "plastic" mei trouwens likegoed yn it Frysk.) Hawwe jo de stavering "Amerikana" mei in k earne lêzen (bûten de Wikipedy)? Want dan wurdt it in oar ferhaal. Mar sa net, hawwe jo der dan beswier tsjin dat ik dit omneam ta Americana? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 apr 2022, 22.36 (CEST)
- Goeiemoarn, Ieneach, ik bin eins útgien fan it wurd Amearika. It is op dit stuit noch net in protte wurk om it om te neamen, fiel jo frij om it oars te dwaan. FreyaSport (oerlis) 3 apr 2022, 08.34 (CEST)
- @FreyaSport: Goeie. Ah, ja, dan begyp ik hoe't jo dêrby útkamen. Hmm. Ik hie der net op sind om it as in ferbûging fan Amearika te beskôgjen. Dat wol ik ris eefkes yn my omgean litte foar't ik der mei begjin te prutsen. Mar, jo hawwe gelyk, it is no noch maklik om it te feroarjen, dat dêrom bin ik der ek fuort mar oer begûn. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2022, 15.45 (CEST)
- @FreyaSport: Ik haw der ris oer neiprakkesearre, en hoewol't "americana" yn it Ingelsk fansels wol in ferbûging fan "America" is, leau ik net dat it yn oare talen as sadanich behannele wurdt. Dan soe it nammentlik yn it Nederlânsk ek mei in k skreaun wurde moatte, want dan soe it fan it Nederlânske "Amerika" komme. No kin ik it wurd "americana"/"amerikana" yn net ien fan myn Nederlânske wurdboeken fine, mar as ik "americana" google krij ik ûnderwerpen oer it muzyksjenre foarset, wylst "amerikana" allinne mar wat bedriuwsnammen en sa opleveret. De Nederlânsktalige Wikipedy staveret it begryp ek as "americana". It liket my sadwaande de baas dat we dat hjir ek mar dogge, dus ik sil it spul even omneame. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2022, 16.56 (CEST)