Katee Owen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katee Owen
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Katee Owen.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Katee Life, Cassie Babyy,
Juliet Glace
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 10 jannewaris 1992
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, webcamgirl
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
kateelife.com

Katee Owen (Miami, 10 jannewaris 1992), is in Amerikaansk neakenmodel en webcamgirl. Hja stiet ek wol bekend ûnder de skûlnammen Katee Life, Cassie Babyy en Juliet Glace.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Owen waard yn 1992 berne yn Miami, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Omtrint 2014, doe't se 22 jier wie, sette se útein mei wurk as webcamgirl op har eigen webside KateeLife.com. Dêr biedt Owen ferskate kearen yn 'e moanne nije filmkes fan harsels oan, wêryn't se stripteases útfierd en neaken omdûnset. Teffens kinne har klanten troch in abonnemint te nimmen live streams fan har ûntfange en tagong krije ta har Snapchat. Owen hat in grutte skare fans sammele by wa't se tige populêr is, benammen omreden fan har grutte hingelboarsten. It is bekend dat de rapper Lil B Owen op Twitter folget.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katee Owen is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 32F (ek wol werjûn as 32DDD). Behalven de wenstige piercings troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing. Tatoeaazjes hat se lykwols net.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: