Katedraal fan de Hillige Mem Gods (Gjûmri)
Katedraal fan de Hillige Mem Gods Սուրբ Աստվածածին Մայր Եկեղեցի | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Sjirak | |
plak | Gjûmri | |
adres | Vartanants Plein | |
koördinaten | 40°47'NB, 43°50'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1873-1884 | |
Kaart | ||
De Katedraal fan 'e Hillige Mem Gods (Armeensk: Սուրբ Աստվածածին Մայր Եկեղեցի; Sûrp Astvatsatsin), ek bekend ûnder de namme Us-Leaffrou fan 'e Sân Smerten (Armeensk: Սուրբ Աստվածամոր Յոթ Վերք), is in 19e-iuwsk tsjerkegebou yn Gjûmri, Armeenje. De katedraal stiet oan 'e noardlike kant fan it Vartanants Plein en is de biskopstsjerke fan it bisdom Sjirak fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is binnen krúsfoarmich mar bûten is it gebou rjochthoekich. Boppe de westlike tagong fan it gebou is de klokketoer. Boppe it sintrum fan it gebou stiet in grutte koepel. Oan 'e eastlike kant dêrfan binne twa lytsere koepels. Oars as wênst yn Armeenske tsjerken hat de katedraal in ryk útfierd alter yn 'e foarm fan in ikonostaze mei meardere ikoanen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e katedraal fûn tusken 1873 en 1884 plak.
Yn 'e Sovjet-tiid bleau de tsjerke iepen foar de earetsjinst.
Yn 1988 stoarten by de ierdskodding de twa lytse koepels del. Se waarden neitiid ferfongen troch nije koepels. De twa eardere koepels steane hjoeddedei yn 'e tún fan 'e tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|