Katedraal fan Southwark
De Katedraal fan Southwark (Ingelsk: Cathedral and Collegiate Church of St. Saviour and St. Mary Overie) is in Anglikaansk tsjerkegebou oan de súdlike kant fan de Teems yn it Londense stedsdiel Southwark. De yn goatyske styl boude katedraal datearret foar in wêzentlik part út de jierren 1220-1420. Sûnt 1905 hat de tsjerke de funksje fan katedraal.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al yn it Domesday Book út it jier 1086 wurdt der ferwiisd nei de tsjerke. Oft op dit plak ek al yn it jier 606 in kleaster stien hat, bliuwt lykwols in striidpunt.
By de grutte stedsbrân fan 1212 en oan it ein fan de 14e iuw baarnde de tsjerke ôf.
Tidens it regear fan keninginne Marije waarden yn it koer prosessen tsjin ketters holden. Yn jannewaris 1555 waarden hjir seis hege geastliken, wêrûnder de biskop fan Gloucester, ta de dea feroardiele.
Yn it bouwurk fûne de skriuwers John Gower en John Fletcher harren lêste rêstplak. It ferneamde panorama "Long View of London from Bankside" fan de etser Wenceslaus Hollar út 1638 waard fanút de toer fan de tsjerke tekene. Fan 1890 oant 1897 waard it skip fan 'e katedraal folslein werboud.
De katedraal stiet yn in gebiet dat yn de Twadde Wrâldkriich swier te lijen hie ûnder Dútske bombardeminten. Op 20 febrewaris 1941 waard de katedraal skansearre troch in bom. Skea fan granaatskerven is noch jimmeroan oan de bûtenmorren te sjen.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel fan de katedraal waard yn 1897 troch de oargelmakker T.C. Lewis (Brixton, Londen) mei elektropneumatyske traktueren boud. De oargelkast is in ûntwerp fan de ferneamde Fiktoariaanske arsjitekt Arthur Blomfield. Nei in yngripende feroaring yn waard it instrumint yn 1986 en 1991 yn de oarspronklike steat werombrocht.
Tsjintwurdich hat it oargel 61 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katedraal fan Southwark fan Wikimedia Commons. |