Katedraal fan Otranto
Ferkundigingskatedraal
Santa Maria Annunziata | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Otranto | |
adres | 1, Piazza Basilica | |
koördinaten | 40° 8' N 18° 28' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Otranto | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1068-12e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Kaart | ||
De Katedraal fan Otranto of de Ferkundigingskatedraal (Italjaansk: Santa Maria Annunziata) is de belangrykste tsjerke fan 'e Súd-Italjaanske stêd Otranto.
Yn 'e katedraal wurde de oerbliuwsels bewarre fan 'e mear as 800 kristenen, dy't op befel fan 'e Turkske grutfyzier Gedik Ahmed Pasja ûnthalze waarden om't hja harren wegeren te bekearen ta de islaam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard boud op 'e fûneminten fan in Romeinsk hûs en in kristlik hillichdom. Mei de bou waard yn it jier 1068 úteinset. Op 1 augustus 1088 fûn yn it pontifikaat fan Urbanus II de wijingsseremoanje plak. De tsjerke hat in lingte fan 54 meter en in breedte fan 25 meter en besit byzantynske, ierkristlike en romaanske ynfloeden.
Yn 'e tsjerke binne yn 'e muorren fan in kapel en efter it alter sân kasten ynboud mei dêryn de hollen fan 'e slachtoffers fan 'e Turkske besetters yn 1480.
Doe't in oanfal fan 'e Turkske sultan Mehmet II op it eilân Rodos yn 1480 mislearre, foel it each fan 'e sultan op 'e haadstêd fan 'e Westerse kristenheid. Doe wie Otranto in wichtige havenstêd, mei sa'n 6.000 ynwenners en foar de sultan foarme de stêd in springplanke nei Rome, it úteinlike doel fan 'e feroveringstocht. De stêd hold ynearsten stân tsjin de Turken, dy't mei 200 galeien oan 'e kust ferskynden, mar nei fyftjin dagen belegering en besjitting, wisten de Turken in gat te slaan yn 'e ferdigeningsmuorre.
Nei it ynnimmen fan Otranto joech admiraal Gedik Ahmed Pasja opdracht om fan alle bewenners de manlju fan boppe de 15 jier om te bringen en de froulju en bern te sparjen, om dy as slaaf te ferhanneljen. Grouwélich wie it lot fan 'e kommandant fan 'e ferdigeningskrêften: hy waard fan boppe nei ûnderen midstwa sage. In diel fan 'e befolking wist op 'e tiid te ûntkommen, mar yn 'e katedraal holden oare bewenners harren skûl. Doe't aartsbiskop Stefano Pendinelli de Turkske ynfallers fanút de katedraal yn 'e mjitte rûn en smeke oft hja de minsken yn 'e tsjerke sparje woene, sniene de Turken him de kiel troch. Syn holle waard dêrnei as trofee troch de stêd droegen. Gedik Ahmed Pasja easke dat de minsken yn 'e katedraal harren bekeare soene ta de islaam en dêr krigen hja in nacht betinktiid foar.
Op 12 augustus joegen de kristenen berjocht: net ien wie fan doel om harren laeuwen yn te wikseljen foar de islaam. De Turkske kriichsman joech dêrop it befel om alle minsken te boeien en de katedraal yn in stâl te feroarjen. Twa dagen letter, op 14 augustus, liet hy de finzenen op in hichte bûten de stêd de holle ôfslaan. Op dat plak waard letter de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Martlers boud. Meiïnoar waarden der 17.000 minsken yn 'e stêd en omkriten fermoarde.
Trettjin moannen letter slagge it Alfonso II fan Napels om de stêd op 'e Turken werom te feroverjen. Op 13 oktober 1481 waard it grêf fan 'e ûnthalze slachtoffers fûn. De lichems fan 'e slachtoffers wiene noch net yn in steat fan ûntbining en waarden nei de katedraal brocht. Dielen fan 'e martlers gyngen nei 1485 as reliken ek nei oare tsjerken yn it lân. Paus Klemens XIV ferklearre de martlers fan Otranto yn 1771 sillich en joech tastimming om se yn Otranto te ferearjen. Sûnt binne hja de beskermhilligen fan 'e stêd en it aartsbisdom.
Op 20 desimber 2012 erkende paus Benediktus in wûnderbaarlike genêzing op foarspraak fan 'e 800 martlers en ûndertekene it dekreet foar de hillichferklearring.[1] Tegearre mei twa Latynsk-Amearikaanske nonnen wiene de 800 slachtoffers fan Otranto de earste hillichferklearren tidens it pontifikaat fan paus Fransiskus. [2][3]
Flier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e katedraal leit in bysûndere flier dy't as in boek lêzen wurde kin. It is it iennige keunstwurk dat it Turkske fandalisme oerlibbe. De flier datearret út it jier 1166 en waard yn opdracht fan 'e biskop ûnder lieding fan 'e muonts Pantaleone lein. It is in gigantysk mozayk mei foarstellings fan leginden, út it deistich libben fan hilligen en Bibelske foarstellings. Foar it keunstwurk wiene likernôch 600.000 tegels nedich.
Krypte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krypte fan 'e katedraal datearret fan 'e 11e iuw. De barokke feroarings út de 18e iuw binne by resintere restauraasjes werom draaid.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Grûnplan mozaykflier.
-
Ule.
-
Kening Aleksander.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|