Springe nei ynhâld

Katedraal fan Oloron

Ut Wikipedy
Katedraal fan Oloron

Cathédrale d'Oloron

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Nij-Akwitaanje
departemint Pyrénées-Atlantiques
plak Oloron-Sainte-Marie
adres Place de la Cathédrale
koördinaten 43° 11' N 0° 36' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bayonne-Lescar-Oloron
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske en gotyske arsjitektuer
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side katedraal
Side Bisdom
Kaart
Katedraal fan Oloron (Frankryk)
Katedraal fan Oloron

De Katedraal fan Sint Marije fan Oloron (Frânsk Cathédrale Sainte-Marie d'Oloron) is in tsjerke yn Oloron-Sainte-Marie yn it Frânske departemint Pyrénées-Atlantiques. De katedraal is sûnt 1939 in histoarysk monumint en waard yn 1998 ynskreaun as wrâlderfgoed fan UNESCO as ûnderdiel fan de pylgerrûtes nei Santiago de Compostella.

De tsjerke tsjinnet as ko-katedraal fan it bisdom Bayonne-Lescar-Oloron.

De bou fan de tsjerke sette yn de 12e iuw útein yn opdracht fan Gaston IV, greve fan Béarn. It wie oant 1801 de sit fan it bisdom fan Oloron, doe't it bisdom mei it konkordaat fan 1801 waard opheven.

Romaanske portaal

De tsjerke helle it wrâldnijs yn 2019, nei't de tsjerke yn de iere moarn fan 4 novimber skeind waard troch in raamynbraak. De dieven ramden mei in persoane-auto in midsiuwske houten doar fan de monumintale katedraal en stielen in monstrâns, sulveren tsjelken, krusen en liturgyske gewaden. Dêrnjonken fernielden de dieven it hek dat de tsjerkeskat beskerme, in stânbyld en in faas.[1][2]

De oanfal op de katedraal yn Olongron wie ien yn in weach fan oerfallen op katolike tsjerken yn Frankryk. Yn 2018 waarden der yn it lân 129 gefallen fan tsjeafte en 877 gefallen fan fernielerij rapportearre, yn tsien jier tiid in tanimming fan 400%.[3]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: