Springe nei ynhâld

Katedraal fan Napels

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Napels

Duomo di Napoli

Lokaasje
lân Itaalje
regio Campaniae
plak Napels
adres Via Duomo 147
koördinaten 40° 51' N 14° 34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Napels
patroanhillige Sint-Januarius
Arsjitektuer
boujier 13e iuw-19e iuw
boustyl Gotyk, renêssânse, barok, neogotyk
Webside
Side aartsbisdom
Kaart
Katedraal fan Napels (Napels-Sintrum)
Katedraal fan Napels

De Katedraal fan Napels (Italjaansk: Duomo di Napoli, Cattedrale di Santa Maria Assunta of Cattedrale di San Gennaro; Napolitaansk: Viscuvato 'e Napule) is in roomsk-katolike katedraal fan it aartsbisdom Napels. De katedraal stiet benammen bekend as de Cattedrale di San Gennaro en is ferneamd nei Sint-Januarius, de patroanhillige fan de stêd Napels.

De bou fan 'e hjoeddeiske katedraal barde yn opdracht fan kening Karel I fan Anjou. Under syn opfolger, Karel II (1285-1309), gyng de bou fierder en de foltôging fûn plak oan it begjin fan 'e 14e iuw ûnder kening Robert fan Anjou. De katedraal stiet op 'e fûneminten fan twa âldere kristlike basiliken, dêr't de resten fan noch altiten te sjen binne. Opgravings ûnder it gebou leine Grykske en Romeinske fynsten bleat.

De neogoatyske gevel waard yn 'e 19e iuw troch Enrico Alvino fernijd, mar it portaal en guon bylden stamme út de 15e iuw.

Sint-Januarius ferlit de ûne, Jusepe de Ribera.
Plattegrûn katedraal.

It meast it besjen wurdich fan it ynterieur is de troch barokke keunstners tige ryk fersierde Cappella di San Gennaro (Kapel fan Sint-Januarius). Yn 'e kapel binne fresko's fan Domenichino en Giovanni Lanfranco, alterstikken fan Domenichino, Massimo Stanzione en Jusepe de Ribera, in ryk heechalter fan Francesco Solimena en tal fan oare keunstwurken wêrûnder in troch Frânske masters makke 14e-iuwsk relikwarium.

Oare keunstwurken binne de Himelfeart fan Pietro Perugino, wurk fan Luca Giordano en de ier-kristlike doopkapel mei 4e-iuwske mozaiken. De haadkapel waard yn 'e 18e iuw restaurearre en hat in barok reliëf fan Pietro Bracci. De Minutolo-kapel, neamd yn Boccaccio's Decamerone, hat 14e iuwske fresko's.

De krypt (Cappella del Succorpo) waard fan 1497 oant 1506 yn opdracht fan kardinaal Oliviero Carafa yn renêssânsestyl ferboud. De kardinaal helle de reliken fan 'e patroanhillige fan 'e stêd, dy't doe sûnt 831 yn it hillichdom fan Montevergine yn Avellino bewarre waarden, nei Napels. De romte, de flier en it kassetteplafond is mei djoere dekoraasjes fan ferskillende soarten moarmer en reliëfs fersierd. Yn 'e apsisnis stiet de skryn fan de hillige Januarius.

It oargel waard yn 1767 troch de oargelbouwer Filippo Cimino boud. It gie oarspronklik om twa ynstruminten, dêr't yn 1931 troch de firma Giuseppe Rotelli (Cremona) ien ynstrumint fan makke waard en elektryske traktueren oan tafoege waard. Yn 1974 waard it oargel troch Giuseppe Ruffatti restaurearre, reorganisearre en mei in pear registers fergrutte. It oargel bestiet út fjouwer aparte wurken, dy't mei ien spyltafel oanspile wurde kinne. Yn it ramt fan 'e lêste restauraasje waard it oarspronklike koraalwurk ferboud ta in selsstannich ynstrumint en de registers op twa manualen en pedaal ferdield en efter it haadalter opsteld.

It Mirakel fan it Bloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kardinaal Crescenzio Sepe by it ritueel fan it floeiber wurden fan it bloed fan Sint-Januarius.

De tsjerke bewarret twa fleskes bloed yn in sulveren relykhâlder fan 'e yn 305 ûnthalze Sint-Januarius, dy't op trije dagen yn 't jier (de earste saterdei yn maaie, op 19 septimber en 16 desimber) troch de kardinaal út de kapel en tegearre mei in búste fan de hillige yn in prosesje nei it heechalter droegen wurdt. Op dy dagen wurdt it drûge bloed floeiber. As dat lêste net it gefal sil der neffens de tradysje oer Napels slim ûnheil útbrekke. Skeptisy leauwe dat yn 'e gleskes ek in spesjale gel sit, dy't der foar soarget dat it drûge bloed floeiber wurdt wannear't de gleskes bewege en wer stjurret, sadree't de fleskes net beroerd wurde.

De kultus fan it mirakel wurdt al sûnt de ein fan 'e 14e iuw fierd. Op 21 maart 2015 waard by in besite fan paus Fransiskus it bloed floeiber, itjinge as in geunstich oardiel fan 'e hillige oer de paus beskôge waard. It bloed waard by in besite fan paus Benediktus XVI yn 2007 net floeiber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Naples Cathedral