Katedraal fan Catania
Katedraal fan Catania
Cattedrale di Catania | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
regio | ![]() | |
plak | Catania | |
adres | Piazza del Duomo | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1711 | |
arsjitekt | Gian Battista Vaccarini | |
boustyl | Normandyske en barokke arsjitektuer | |
offisjele webside | ||
Side bisdom |
De Cattedrale di Catania of Cattedrale di Sant'Agata (Katedraal fan Catania; Sint-Agatakatedraal) is in oan de hillige Agata wijde katedraal fan it aartsbisdom Catania oan it Piazza del Duomo yn de Sisyljaanske stêd Catania, Itaalje.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik waard de katedraal yn de jierren 1078-1093 boud oer de ruïnes fan de antike Romeinske termen fan Achilles. Dat barde yn opdracht fan Rogier I fan Sisylje, dy't de stêd op it Islamityske emiraat fan Sisylje werom ferovere hie. De tsjerke hie yn dy tiid de foarm fan in wartsjerke (ecclesia munita).
In ierdskodding yn 1169 soarge foar de ferneatiging fan dat Normandyske bouwurk; allinne it diel om de apsis bleau bewarre. Fierdere skea waard feroarsake troch in brân yn 1169, mar it grutste ûnheil kaam fan de ierdskodding fan 1693, dy't de tsjerke op 'e nij yn in púnbult feroare. De weropbou fan de tsjerke fûn plak yn barokke styl.
Hjoeddedei binne de resten fan it Normandyske bouwurk, gearstald fan grutte lavastiennen, te finen yn it transept, de twa tuorren en de trije healrûne apsiden. Dy dielen binne werom te kennen oan de tapassing fan grutte lavastiennen.
Hjoeddeiske katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hjoeddeiske oansjen fan de katedraal datearret fan it wurk út 1711 fan Gian Battista Vaccarini, dy't de nije barokke gevel nei de ierdskodding fan 1693 ûntwurp. De gevel hat trije nivo's mei Korintyske graniten pylders, dy't mooglik ôfkomstich binne fan it Romeinske teäter fan de stêd. De gevel is dekorearre mei moarmeren bylden: boppe de tagong Sint-Agata, lofts fan de tagong Sint-Euplius en rjochts Sint-Birillus, de earste biskop fan Catania. De houten tagong is fersierd mei 32 reliëfs dy't pauslike wapens, symboalen fan it kristendom en it libben en martlerskip fan Agata útbyldzje. De koepel stamt út 1802.
De klokketoer datearret oarspronklik út 1387 en hie ynearsten in hichte fan 70 meter, mar waard yn 1662 ferhege ta 90 meter. Nei de ierdskodding fan 1693 moast de klokketoer op 'e nij boud wurde. Yn de no wer 70 meter hege toer hinget in 7,5 ton swiere klok, de op twa nei grutste fan it lân. Allinne dy fan de Sint-Piter yn Rome en de Milaanske domtsjerke binne noch grutter.
In smei-izeren hek skiedt de foarhôf fan de katedraal fan it oangrinzgjende Piazza del Duomo. Oan de noardlike kant wurdt de katedraal omklamme fan in balustrade mei moarmeren bylden fan hilligen.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Yn de rjochter sydapsis is de kapel fan de hillige Agata ûnderbrocht. Dêr stiet in mei ealstiennen bewurke sulveren skryn mei de reliken fan de patroanhillige. It is it wurk dat makke is tusken 1470 en 1556 troch ferskate sulversmidden. De skedel fan de hillige wurdt bewarre yn in fan sulver en emaille makke búste, in wurk fan de keunstner Giovanni di Bartolo út 1373-1376. Letter waard de búste belein mei skonken ealstiennen. Ien fan de boarsten dy't har by it tamtearjen ôfsnien waard wurdt yn in monstrânseftige relykhâlder bewarre, it oare boarst is yn besit fan de katedraal fan Gallipoli (Itaalje) Gallipoli. Fierder binne der kostbere relykhâlders foar de fuotten en earms fan de Sint-Agata.[1]
Oan it súdlike ein fan it dwerskip is de Mem-Godskapel mei sarkofagen fan leden fan it keningshûs fan Aragon, wêrûnder Freark II en Freark III. Yn de katedraal binne ek de grêfmonuminten fan de komponist Vincenzo Bellini en fan kardinaal Giuseppe Benedetto Dusmet. Yn de sydskippen steane alters mei ynlein hout út it midden fan de 18e iuw.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel op de westlike galerij giet werom op in oargel út 1877, dat boud waard troch de Frânske oargelbouwer Nicolas Théodore Jaquot. It stie eartiids yn de apsis en waard yn 1926 yn in nij front op de nije galerij opsteld. Yn it ramt fan de ferhûzing waard it oargel troch Laudani e Giudici fergrutte. In restauraasje fan it ynstrumint fûn plak fan 2012 oant 2014 troch de frima Mascioni. It âlde piipmateriaal fan Jaquot is te finen yn it sintrale diel fan it front. De pipen oan wjerssiden dêrfan binne fan Laudani e Giudici út 1926. It ynstrumint hat 44 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne meganysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|