Kastiel Wernerseck
Kastiel Wernerseck | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
koördinaten | 50° 22 N 7° 22 E | |
Skiednis | ||
boujier | begjin 15e iuw | |
hjoeddeiske steat | ruïne | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
Webside | ||
burgwernerseck.com | ||
Kaart | ||
It kastiel Wernerseck is in letmidsiuwsk kastiel yn 'e gemeente Ochtendung yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De namme tanket it kastiel oan 'e stifter en bouhear fan it kastiel, de aartsbiskop Werner fan Falkenstein (1388–1418) fan Trier.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ruïne fan 'e hichteboarch leit boppe de Nette yn 'e Eifel tichteby de A61, ôfslach Plaidt. It kastiel waard op it smelste stik fan in útrinner fan in berch boud op in plak dêr't earder in letromeinsk fort stien hat. Troch fynsten fan munten wurdt dy fêsting op 'e earste helte fan 'e 4e iuw datearre. Op basis fan keramyske fynsten wurdt oannommen dat de fêsting noch oant yn 'e iere 5e iuw brûkt waard. Sokke kompleksen oan 'e Nette út dy tiid ha ek by Welling, Ruitsch en op 'e Katzenberg by Mayen stien.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aartsbiskop Werner fan Falkenstein sette mei de bou fan it kastiel tsjin 'e ein fan 1401 útein yn it ramt fan syn machtsútwreiding yn 'e Pellenz. De lokaasje lei krekt bûten it gebiet fan Ochtendung, dat by Kar-Trier hearde en yn it liengebiet fan 'e greven fan Virneburg. It kastiel moast as grinsfêsting tsjinje tsjin de aartsbiskop fan Keulen, mar dy funksje hat it kastiel nea hân om't noch yn 'e tiid fan 'e bou de grinzen ferskoden.
It kastiel waard letter as in bestjoerssintrum brûkt. Sûnt de 16e iuw wie it kastiel oan 'e hearen fan Eltz ferpâne, dy't it kastiel oant yn 'e 19e iuw besieten.
In stifting ta behâld fan it kastiel draacht hjoed-de-dei de soarch foar it bouwurk. Yn 'e jierren 2006-2007 is de wentoer fan it gebou renovearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fiifhoekige kastiel hat op trije hoeken rûne tuorren, wylst in oare hoeke troch de poarte foarme wurdt. De bewenners wennen yn 'e 22 m hege en fjouwer ferdjippings tellende berchfrede, dy't ek in kapel hie. De tagong wie troch in ferhege tagong en de toer hat muorren onat 2,5 meter dik. It ûnderste diel is foar it measte bewarre bleaun, de boppeste ferdjippings wiene ferfallen en binne yn 2007 renovearre troch de feriening foar it behâld fan it bouwurk. It kastiel is yn eigendom fan 'e gemeente Ochtendung.
It kastiel kin altiten besocht wurde, mar allinne nei in kuier fan likernôch 2 km (rekkene fanút it sintrum fan Ochtendung).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|