Springe nei ynhâld

Kastiel Oldenaller

Ut Wikipedy
Kastiel Oldenaller
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Putten
koördinaten 52°14' N 5°31' E
Skiednis
boujier 1494, werbou 1655-1665
ferneatiging om 1655 hinne
Oars
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 512006
Webside
www.natuurmonumenten.nl
Kaart
Kastiel Oldenaller (Gelderlân)
Kastiel Oldenaller

Kastiel Oldenaller is in lângoed, lânhûs en earder kastiel tusken Nijkerk en Putten yn de provinsje Gelderlân. It hûs en direkte omjouwing is net tagonklik foar it publyk, it lângoed fan Natoermonuminten is iepensteld foar kuierders.

Sûnt de midsiuwen is der sprake fan in kastiel Oldenaller dat mei de pleats Aller yn besit wie fan de famylje Van Aller. It hat bliken dien dat Reneyr fan Aller yn it jier 1494 eigener fan it hûs wie. De oarspronklike gebouwen bestean net mear, mar om 1655 wurdt hjir lykwols in nij hûs setten troch Jacob van Wijnbergen, nei alle gedachten troch de bekende arsjitekt Jacob van Campen. It fjouwerkante klassisistyske gebou lei mei foar- en sydgevels fuort oan de brede rjochthoekige grêft. Foar it hûs leit it foarplein mei rjochts it koetshús en links de oranjery, ek mei in grêft der omhinne. Yn it timpaan fan de foargevel sit in cartouche mei it jiertal 1655. Dêrûnder it kombinearre wapen fan Van Wijnbergen-Van Brienen. Nei 1850 jout Baron van Goltstein opdracht oan arsjitekt K. Zocher it hûs te modernisearjen. De muorren waarden beplastere en der kamen nissen foar bylden yn de gevel. De sintrale skoarstien waard ferfongen troch it toerkeammerke. Ek waard in túnûntwerp foar in Ingelske tún makke. Yn 1975 waard it hûs restaurearre en foar in part yn 'e âlde steat werombrocht. De plasterlaach en de bylden waarden weihelle, mar de nissen binne noch werom te kennen en it toerkeammerke is bleaun. Yn 2009 waard in ynterieur restaurearre oplevere. De stúkte plafonds en de âlde parketflier binne dêrby hersteld. Ek waard in Trompe-l'oeil skildering oanbrocht.

Oarspronklik wie de oanlis fan it park, de wegen en grêften om it kastiel strak en rjochthoekich, lykas yn de 17e iuw wenst wie. De rjochthoekige foarm fan de parkbosk en de lange rjochte oprydleane nei it kastiel wize dêr noch op. Yn de 19e iuw kaam de ynformele Ingelske lânskipsstyl yn de moade. De ferneamde túnarsjitekt Zocher krige opdracht de tún yngreven te feroarjen. De slotgrêft oan de foarkant fan it kastiel waard tichtsmiten en de parkbosk hielendal kapt en op 'e nij oanplante. De grêften waarden fergroeven en fergrutte ta romantysk slingerjende fiverpartijen. Der waard sels in nije tagong mei oprydleane oanlein. Op it lângoed húzet in koloanje ielreagers yn de dikke beammen. Op it terrein bloeie yn de maitiid stinzeplanten. Der steane meardere pachtpleatsen op it terrein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: