Kastiel Beauvoorde

Ut Wikipedy
Kastiel Beauvoorde
  kastiel
Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Veurne
plak Wulveringem
adres Wulveringemstraat 10
koördinaten 51° 00' N 2° 39' E
Skiednis
boujier Earste fearn 17e iuw [1]
Oars
boustyl Flaamske renêssânse
tagonklikens iepen foar publyk
monumintale status beskerme monumint
monumintnûmer 17083
Webside
Side kastiel
Kaart
Kastiel Beauvoorde (West-Flaanderen)
Kastiel Beauvoorde

Kastiel Beauvoorde is in wetterkastiel yn Wulveringem yn de gemeente Veurne fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste bekende bewenner fan it kastiel wie Jan de Valuwe, dy't yn 1408 de lienhearrjochten krige fan Jan sûnder Freze.

It kastiel waard yn 1584 troch de geuzen yn 'e brân stutsen en om 1616 hinne mei behâld fan in pear muorredielen yn renêssânsestyl op 'e nij boud. De bewenner doe wie Jacob de Bryarde. Syn neiteam hie it kastiel oant 1828 yn besit. Tsjin dy tiid wie it domein in kastielhoeve woarn en lang om let net mear as in pleats, dy't ôfbrusten wurde soe.

Yn 1875 koe Arthur Merghelynck it kastiel troch in restauraasje en werbou mar krekt foar de folsleine ôfbraak sparje. De hjoeddeiske ynrjochting is ek fan him ôfkomstich. Hy liet it kastiel troch de stedsarsjitekt fan Veurne, Jozef Vinck, útwreidzje en hy rjochte it kastiel mei 17e-iuwsk wurk en reproduksjes yn. Ek liet er in Frânsk-Ingelske tún oanlizze.

Merghelynck († 14 july 1908) hie gjin bern en yn 1905 liet er by testamint syn besit nei oan de Belgyske Steat, dy't it ornearje moast foar de Keninklijke Akademy fan Nederlânske Taal en Letteren (KANTL). Syn widdo Julienne Flyps bleau oant har ferstjerren yn 1941 noch op it kastiel wenjen en dêrom koe de Flaamske Akademy der pas nei de Twadde Wrâldkriich gebrûk fan meitsje.

It kastiel waard yn 1987 as monumint beskerme. Yn 1998 droech KANTL it behear oer oan de Stichting Vlaams Erfgoed (letter Erfgoed Vlaanderen), wylst de Belgyske Steat it kastieldomein yn 2003 oerdroech oan de Flaamske Mienskip. Sûnt dy tiid soarget de feriening Erfgoed Vlaanderen foar it behear. Yn 2012 waard Erfgoed Vlaanderen opnaam yn de nije Flaamske erfgoedorganisaasje Herita.

Kastiel fan Beauvoorde kin yndividueel besichtige wurde mei in audiogids. Der is in besikerssintrum. Simmerdeis wurde der ekposysjes en oare kulturele aktiviteiten organisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Kasteel Beauvoorde