Springe nei ynhâld

Kartago (argyf)

Ut Wikipedy

Kartago is in ICT-projekt dat ta doel hat om alle histoaryske oarkonden út de provinsjes Grinslân en Drinte fan foar 1600 oer it ynternet beskikber te stellen. It is in gearwurking fan it Drintsk argyf, de Grinzer Argiven en de fakgroep Midsiuwske skiednis fan de Ryksuniversiteit Grins.

De oanlieding foar it projekt wie it hûndertjierrich bestean fan it Oarkondeboek fan Grinslân en Drinte. De oarkonden dêryn binne de kearn fan it projekt. Dêrnjonken binne de Monumenta Groningana fan R.K Driessen út it begjin fan de 19e iuw en de troch H.O. Feith sammele Warfconstitutiën en oordelen opnaam. Ek Feith syn wurk oer it beklamrjocht: Het Groninger beklemregt, of verzameling van staats-resolutien en andere, tot het beklemregt betrekkelijke, stukken kin ynsjoen wurde.

Omdat de skiednis fan Grinslân en Drinte nau besibbe is mei dy fan it oanswettend Fryslân en East-Fryslân binne ek it Groot placaat en charterboek van Vriesland en het Ostfriesische Urkundenbuch digitaal ûntsletten.

De samling sil noch útwreide wurde; de stikken fan it eardere Stedsargyf fan Grins sille de foarneamste oanfolling wêze.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]