Springe nei ynhâld

Beklamrjocht

Ut Wikipedy

Beklamrjocht of rjocht fan klam is in ivich duorjend, ûndielber saaklik rjocht op in ûnreplik goed fan in oar. Ien kin eigener wurde fan alle gebouwen en gewaaksen op de grûn, mar wurdt dochs gjin eigener fan de grûn sels. It liket op in kombinaasje fan it rjocht fan opstal en erfpacht. Beklamrjocht komt hast allinnich yn de provinsje Grinslân foar. De mooglikheid en festigje in beklamrjocht is ôfskaft, mar âlde beklamrjochten jilde hieltyd noch salang't se net ôfkocht binne.

Dyjinge dy't hâlder fan it beklamrjocht (de pachter) is, hiet de "beklamme meier" (hierboer) of koartsein "meier". Hy hat de folsleine beskikking oer de grûn. De eigener wurdt in "bleat eigener" neamd, of eigener yn beklamrjochtlike sin. Yn it gefal dat de stêd Grins de eigener wie of is, sa as bygelyks yn de Grinzer Feankoloanjes wurdt de meier "stedsmeier" neamd.

Sûnder tastimming fan de eigener, kin it beklamrjocht net splitst wurde; sels by fererving net.

It grutste ferskil mei erfpacht is dat it hieren foar in ûnbepaalde tiid fêststeld is. Yn 't jier betellet de meier de eigener in fêste hiersomme. Om't dy hiersomme net feroaret, wurdt it troch de tiid hinne in frij leech bedrach.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A.S. de Blécourt, Beklemrecht en stadsmeierrecht, Grins 1920
  • W.J. Formsma, Beklemrecht en landbouw. Een agronomisch-historische studie over het beklemrecht in Groningen, Grins 1981
  • M. Pothast, Beklamrjocht, skripsje sjoch www.huisjurist.nl