Karel van de Graaf
Karel van de Graaf | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 desimber 1950 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 14 novimber 2023 (72 jier) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintator | |
bekend fan | Karel Netwerk Wie is de Mol? | |
jierren aktyf | 1969–2007 | |
prizen | Sulveren Reissmikrofoan | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Karel van de Graaf (Rotterdam, 4 desimber 1950 – 14 novimber 2023) wie in Nederlânske radio - en telefyzjepresintator. Hy wurke tusken 1969 en 2007 foar de AVRO. Yn 1981 wûn hy foar syn radiowurk de Sulveren Reissmikrofoan.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Radio
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de radio presintearre Van de Graaf ûnder oare op Hilversum 1 it lette jûnprogramma Met het Oog op Morgen, it nachtprogramma Nachtdienst en op Hilversum 3 ûnder mear Als je niet opstaat, dan blijf je maar liggen (1974-1975), De Van de Graaf-generator (1978-1979) en fan 1980 oantt 1984 op moandei moarnsier Vol gas sûnt 1983 de Nummerplaat.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn't earstoan wied er assistint fan Ria Bremer yn it berneprogramma Stuif es in. Dêrnei joech er fanút Slagharen kommentaar by Avro's Fietscross. Van de Graaf siet by de einstreek yn in lyts hokje.
Op telefyzje waard er benammen bekend mei it alle wiken útstjoerde praatprogramma Karel (1984-1999, yn't earstoan Karel van de Graaf).
Op 3 desimber 1984 hied er in fraachpetear yn in streekrjochte útstjoering fan dat praatprogramma mei tsjinstanners fan it eardere militêre bewâld yn Suriname, doe 't ien út it publyk – Evert Tjon, ek bekend as Evert Wolff, sjauffeur fan de oan it debat dielnimmende Rob Wormer – opstie en Desi Bouterse-opponint Paul Somohardjo oanfoel. Nei 't de útstjoering troch de AVRO ôfbrutsen wie, waarden der efter de skermen twa skotten lost. [1][2][3][4] Ien persoan rekke ferwûne, mar Van de Graaf sels net.
Fan 1986 ôf presintearre er ek de aktualiteiterubryk Televizier en fan 1996 oant 2004 Netwerk. Yn 2004 gie er nei TweeVandaag, it lettere EenVandaag. Yn 2006 en 2007 presintearre Van de Graaf de sechsde en sânde rige fan it populêre amusemintsprogramma Wie is de Mol?
Untslach by de AVRO
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 17 septimber 2007 stapte Van de Graaf, neffens eigen sizzen 'yn goed oerlis', op by de AVRO. Neffens de direksje kaam syn sjoernalistike ûnôfhinklikheid yn it pleit yn kombinaasje mei syn wurk as direkteur corporate communicatie fan it enerzjybedriuw Econcern. Omdat syn kontrakt noch rinne soe oant ein 2009, krige er dêrfoar in ûntslachfergoeding mei fan € 544.000. [5] De hichte fan dit bedrach late ta publisiteit en ta Keamerfragen.
Omrop MAX
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2010 presintearre er by Omrop MAX it programma Iedereen kan internetten.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van de Graaf wie de lêste jierren fan syn libben oanhelle mei de sykte fan Alzheimer en ferstoar op 14 novimber 2023 yn de âldens fan 72 jier. [6]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karel van de Graaf fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|