Ria Bremer
Appearance
Ria Bremer (berne as Maria Theresia Sitskoorn, Rotterdam, 4 july 1939) is in Nederlânske sjoernaliste en presintatrise, dy't benammen ferneamd wurden is troch de telefyzjeprogramma's Stuif es in en Vinger aan de pols fan de AVRO.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bremer begûn by de Volkskrant en wurke by AVRO's Radiosjoernaal en by Televizier Magazine as ferslachjouwer, redakteur en presintatrise. Goed santjin jier lang (1968 - 1985) presintearre se it jeugdprogramma Stuif es in.
- Yn 1980 kaam it idee in medysk programma te meitsjen: Vinger aan de Pols.
- Fan 1996 - 1998 presintearre Bremer it programma Netwerk en rjochte se har eigen bedriuw op, Medical Multi Media. Joop van den Ende en de AVRO binne oandielhâlders. Sûnt 2001 luts se har werom as direkteur, mar hja is noch aktyf as adviseur.
- Yn 1993 krige se de Van Walree Priis fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.
- Bremer waard yn 1996 Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
- Yn 2001 stoppe Bremer mei it presentearen fan telefyzjeprogramma's. Se is yn 2010 beklutsen by in soad organisaasjes en projekten yn de sûnenssoarch.
- Lid fan de Ried fan Tafersjoch fan de Nederlânske Hertstichting
- Bestjoerslid RonaldMcDonalds Centre Only Friends
- Bestjoerslid Goed Verzorgd Beter Gevoel
- Foarsitter sjuery ZON/MW Soarchfernijingspriis
- Belutsen by de goede doelen op it mêd fan sûnens en wolwêzen fan de Sponsor Bingo Loterij
- Belutsen by de Stichting Vrolijkheid (bern yn asylsikerssintra)
- Belutsen by Close the Gap (âlde kompjûters klearmeitsje foar en te plak bringe yn projekten yn ûntwikkelingslannen)
- Belutsen by it nasjonale Griepprevinsjeprogramma fan it RIVM
- Kommitee fan Oanrikkemandaasje Wike Groanysk Siken
- Kommitee fan Oanrikkemandaasje Female Cancer Program
- Fierders arbeidet Bremer op mei in protte pasjintenorganisaasjes ( ASTMA fûns jubileum 2009; Feriening fan Huntington pasjinten, Reumapasjintenferiening.)
- Bremer laat sympoazia en diskusjes of is deifoarsitter ûnder mear by VU poadium. Underwerpen: Palliative soarch foar moslims, benei dea-ûnderfining. Diskusje oer strategy by befolkinsûndersiken ( RIVM)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |