Jumastate
Jumastate, ek Iwemastate of Bumastate stie oan it eastlike ein fan de destiidske beboude kom fan Kollum yn de gemeente Kollumerlân. Fan de state en it bûten is neat werom te finen.
De earste persoan út it laach Juma/Iwema (útspraak Joeëma) is Menno Iwema, waans namme yn 1493 en 1543 fermelden wurdt. Oft beide fermeldings deselde persoan oangeane is net dúdlik. Wol is dúdlik dat yn 1527 Broer Iwema, mooglik in soan fan Menno, mei syn frou Jelck Phaesma dizze state bewennet. Broer stoar foàr 1543 en syn frou ± 1554. Se hienen mar ien bern, dochter Auck. Hja komt yn 1550 en 1555 foar as frou fan Sije Buwema of Buma, nei alle gedachten kommend fan Westergeast. Hja krigen yn elts gefal ien soan, Broer, dy't earst Juma en letter Buma neamd wurdt. Hy komt û.o. yn 1566 en 1579 foar as troud mei Tjetscke Groestra. Fan harren is fermelden dat se wennen op Iwema State leggende opt oesterzijde van Collumer buren. Broer is om 1585 ferstoarn. Dochter Auck stoar as frijfaam yn 1595 neidat se har mem ta universele erfgenamt beneamd hie. Tjetscke Groestra wertroude yn 1589 mei de substitút grytman Johan fan Schevinchoven en nei dy syn dea troude se om 1600 hinne foar de tredde kear. Diskear mei Lieuwe Lieuwes dêr't se ek de state mei bewenne. Lieuwe libbe noch yn 1616, mar in 1618 komt Tjetscke foar as syn widdo.
Hja moat foar 1625 ferstoarn wêze, want yn dat jier komt har sib Orck fan Doijum foar as eigener fan Juma-state en zaete opt oost van Collum. Nettsjinsteande dat er riedshear en letter foarsitter fan it Hof fan Fryslân wie en dus syn wurk yn Ljouwert hie, skynt er (almeast) op Juma State wenne te hawwen. Hy stoar yn 1641 en nei alle gedachten waard de state dêrnei sloopt. De buorkerij bleau ynearsten eigendom fan syn erfgenamten, mar letter waard it goed bûten de famylje ferkocht.
Yn 1829 waard op dit stee it bûten Oostenstein stichte troch Hermanus Klugkist Hesse.
- Bewenners
- 1493 Menno Iwema (?)
- 1527 – 1543 Broer Iwema en Jelck Phaesma
- 1550 Auck Iwema en Sije Buwema
- 1566 Broer Juma/Buma en Tjetscke Groestra
- 1585 – 1595 Auck Buma
- 1595 – 1625 Tjetscke Groestra
- 1625 – 1641 Orck fan Doijum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|