Springe nei ynhâld

Joächaz fan Juda

Ut Wikipedy
Kening Joächaz fan Juda

Joächaz (Hebriuwsk יְהוֹאָחָז, * om 631 f.Kr. hinne; † nei 609 f. Kr.) wie de soan en opfolger fan de Judeeske kening Josjía.

Doe't Joächaz troch de lânadel fan Juda keazen waard as opfolger fan syn heit wied er 23 jier âld. Joächaz bleau mar in fearnsjier kening en waard troch farao Neko II ôfset en yn Ribla yn it lân Haman finzen set. De farao lei Juda in tribút op fan 100 talinten sulver en ien talint goud. As opfolger wiisde de farao Joächaz' broer Eljakim oan en hy joech him de namme Jojakim.

Joächaz waard troch de farao mei nei Egypte naam en stoar dêr.[1][2]

Yn it bibelboek Jeremía wurdt Joächaz Sjallûm neamd.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 23:31-34
  2. 2 Kroniken 36:1-4
  3. Jeremía 22:11