Jovianus

Ut Wikipedy
Solidus fan keizer Joviniaus
(boarne: Classical Numismatic Group, Inc. (CNG))

Flavius Jovianus (331 - 17 febrewaris 364) wie keizer fan it Romeinske ryk fan 27 juny 363 oant 17 febrewaris 364.

Doe't Julianus Apostata op 27 juny 363 yn de striid tsjin de Perzen ferstoarn wie oan syn wûnen, waard Jovianus, dy't kommandant fan de Praetoriaanske Wacht wie, deselde dei troch it leger ta keizer keazen. Meidat it leger djip yn Perzysk gebiet trochkrongen wie en dêr tsjin in grut meartal Perzen oer stie, wie er twongen in ûngeunstige frede te sletten foar in feilige weromkear fan it leger. De Romeinen moasten harren weromlûke út de fiif provinsjes oan de eastkant fan de Tigris dy't troch Diokletianus ynlive wienen, en út in grut part fan Armeenje. Jovianus stoar 8 moannen letter troch in ûnbekende oarsaak, noch eart er Konstantinopel berikke hie. Hy waard opfolge troch Falentinianus.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]