Springe nei ynhâld

Josjía fan Juda

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Josjia fan Juda)
Kening Josjía fan Juda (neffens in 17e iuwsk skilderij yn de Sankta Maria kyrka fan Åhus (Sweden)

Josjía (Hebriuwsk: יאשיהו; * om 647 f.Kr. hinne; † 609 f.Kr.) wie fan 640 oant 609 f.Kr. kening fan it Súdryk Juda. Josjía stamde út de dynasty fan de Daviden en wie noch mar acht jier, doe't syn heit Amon troch in gearspanning ombrocht waard en hy troch it folk as de opfolger útroppen waard.

Bibelske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn tsjinstelling ta syn heit dy't him oerjûn hie oan heidenske praktiken, folge Josjía yn alles it foarbyld fan syn foarfaar David. Der begûn er mei doe't sechtjin waard. Fjouwer jier letter makke hy in ein oan de offerhichten, de Asjearapeallen en de talrike bylden fan ôfgoaden yn Jeruzalim en Juda. De kening joech dêr net allinnich opdracht ta, mar holp sels ek by it stikken slaan fan bylden. It pún waard oer de grêven van dyjingen dy't der offers oan brochten struid [1] en yn de delling fan de Kidron stoart, dêr't argeologen yn ús tiid tal fan bylden fan ôfgoaden opgroeven hawwe.[2]

Josjía wurdt de wet foarlêzen (Gravuere Julius Schnorr von Carolsfeld (1794-1872)

Nei't de kening achttjin jier regearre hie, liet er de boufallige timpel renovearje. Tidens de renovaasje waard in boekrol fûn mei de tekst fan de wet. Bibelgelearden geane der fan út dat dit it boek Deuteronomium wêze kind hat. Doe't de tekst oan Josjía foarlêzen waard skrok er en hy skuorde syn klean stikken, want it die bliken dat der al lang net mear libbe waard neffens de wetten sa't dy beskreaun stiene. Hy liet de tekst foarlêze yn oanwêzigens fan de âldsten en it folk en swarde dat hy de Heare folgje soe en de foarskriften fan de Hear tenei tige krekt neilibje soe. De wurden fan de kening hiene grutte ynfloed op de befolking fan Jeruzalim en fan doe ôf holden ek de ynwenners har wer oan it bûn mei God. Ek fierde Josjía de fiering fan Peaske yn op in wize sa't dat earder troch gjinien fan Israel's keningen dien wie.

It regear fan kening Josjía foel gear mei in perioade fan delgong fan Assyrje en swakte fan Egypte. Hjir makke kening Josjía handich gebrûk fan om sûnder bûtenlânske yntervinsje it lân te regearen en de ynfloed fan Jeruzalim en Juda nei it noarden ta út te wreidzjen.

Yn de tiid fan Josjía waard ek in begjin makke oan it sammeljen en redigearjen fan de bibelske geskriften ta ien wurk. Dit waard benammen troch de profeet Jeremía oantrune en yntinsivearre. Lokale goaden en godstsjinsten ferlearen harren belang. De redaksje fan de Bibel waard yn de tiid fan de Babyloanyske ballingskip foltôge.

Doe't de farao fan Egypte Assyrje militêr helpe woe tsjin it Nijbabyloanyske Ryk en mei syn leger troch Juda nei de Eufraat teach, bemuoide Josjía him ek mei it konflikt. Josjía woe de farao tsjinhâlde, ek al makke de farao dúdlik dat it net Juda wie dêr't hy mei fjochtsje woe. Yn 'e flakte fan Megiddo foel Josjía it Egyptyske leger dochs oan en rekke tidens dy slach slim ferwûne. De kening waard nei Jeruzalim brocht. Dêr stoar Josjía en waard er begroeven by syn foarfaars.[3][4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 34:3
  2. http://www.bijbelseplaatsen.nl/plaatsen/A/Afgoden%20gedumpt/939/
  3. 2 Keningen 22-23
  4. 2 Kroniken 34-35