Springe nei ynhâld

Joseph Ratcliffe Skelton

Ut Wikipedy

Joseph Ratcliffe Skelton, faak J. R. Skelton neamd (Newcastle upon Tyne, 1865 - North Kensington, 6 novimber 1927), wie in produktyf Ingelsk yllustrator, dy ûnder oare mei wetterferve en oaljeferve wurke.

Hy waard berne yn Newcastle upon Tyne as soan fan Thomas Simpson Skelton en Sarah Knott; hy wie de fjirde yn in húshâlding mei seis bern. Syn heit wie boekbiner west, mar waard fotograaf en fotograaf-printer en ferhuze yn 1881 nei South Mimms yn Middlesex.
Yn 1912 boaske er oan Violet G. Hastie yn Richmond, Surrey.

Hy wie aktyf as keunstner fan de ein fan de jierren 1880 ôf en arbeide yn Londen. Hy skildere figueren, yllustraasjes en sjenretafrelen (skiednis). Skelton syn skilderijen waarden útstald yn de Royal Academy, it Royal Institute of Oil Painters en it Royal Institute of Painters in Watercolours. Hy wie lid fan de Royal West of England Academy.

Hy stoar yn North Kensington, Middlesex yn novimber 1927.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: