Joseph Caryl

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Joseph Caryl

Joseph Caryl (1602 - maart 1673) wie in Ingelske fan de Anglikaanske Tsjerke ôfskieden geastlike.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn Londen en waard oplaad oan it Exeter College yn Oxford en waard dûmny yn Lincoln's Inn. Geregeldwei preke er foar it Lange parlemint, en wie lid fan de Synoade fan Westminster yn 1643. Op befel fan it parlemint begelade er Karel I nei Holmby House en yn 1650 begeliede hy mei John Owen Oliver Cromwell nei Skotlân. Nei de Restoraasje waard er yn 1662 út syn gemiente fan St. Magnus by London Bridge set. Hy betsjinne hjirnei lykwols in Ofskieden gemiente yn Londen oant syn dea yn maart 1673, wêrnei er opfolge waard fan John Owen

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Caryl syn frommens en geleardens kin men werom fine yn syn kommintaar op it Bibelboek Job. (12 parten, 4to., 1651-1666; 2de útjefte, 2 parten, fol. 1676-1677)

Referinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn dit artikel is tekst út de Encyclopædia Britannica, 11de edysje, ferwurke, in publikaasje, dy't no yn de miene krite is.