Springe nei ynhâld

Josef Hugo Dischner

Ut Wikipedy

Josef Hugo Dischner (1902-1989) wie kampkommandant fan it kamp Westerbork.

Josef Hugo Dischner wie in SS-Obersturmführer en wie 1 septimber 1942 de ferfanger fan kampkommandant Erich Deppner.[1][2] Dischner wie in kommandant dy't bekend stie om syn wredens en syn alkoholgebrûk.[3] Dischner bleau net lang op syn post en waard al op 9 oktober 1942 ferfongen troch Polizei-Inspektor Bohrmann, dy't oars al trije dagen letter opfolge waard troch Albert Konrad Gemmeker.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Kampargiven.nl
  2. 2,0 2,1 Oorlogsgetroffenen.nl - Kamp Westerbork
  3. TracesOfWar.nl Kamp Westerbork - Overname door de SS