Erich Deppner
Erich Deppner (Neuhaldensleben, 8 augustus 1910 - Anzing, 13 desimber 2005) wie in Dútske SS-ofsier. Hy liet yn 1944 450 fersetsstriders deasjitte (de saneamde Deppner-eksekúsjes).
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Deppner syn heit wie sakeman. Hy gie nei it gymnasium yn Haldensleben en studeearre rjochtswittenskip yn Marburg, München en Halle. Hy promovearre yn 1937. Deppner wie troud en krige fiif bern.
Noch ûnder syn stúdzje yn 1932, waard Deppner lid fan de NSDAP en yn novimber 1933 ek fan de SS.[1] Yn 1938 gie er by de SD, dêr't er nei in oplieding, fan maitiid 1940 ôf oan sjef waard fan it pleatslik Referat III C 1, dwaande mei fiedselfraachstikken.[2]
Yn beset Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koart skoft nei de Dútske besetting fan Nederlân waard Erich Deppner ein maaie 1940 oerpleatst nei de Nederlânske Einsatzgruppe fan de SiPo/SD. Fanôf july 1940 waard dy omfoarme ta in ôfdieling fan de BdS yn De Haach. Wilens waard Deppner promovearre ta SS-Sturmbannführer (30 jannewaris 1941) en waard haad fan de ôfideling Gegnerbekämpfung (kontraspionaazje). Yn dy funksje wie er adviseur en direkte ûndergeskikte fan de Befehlshaber der Sicherheitspolizei, yn 't earstoan fan Wilhelm Harster, dêrnei Erich Naumann en Karl Eberhard Schöngarth.
As bestrider fan it Nederlânsk ferset wie er benei de hiele oarloch dwaande; hy stjoerde de lanlike opsporing fan fersetsminsken út syn kantoar wei. Yn dy funksje wie er neiste kollega fan Willy Lages dy't itselde die yn de regio Amsterdam. By guon operaasjes foel er ûnder direkt gesach fan Hanns Albin Rauter.
Rauter hjitte him begjin april 1942 om yn Kamp Amersfoort Russyske kriichsfinzenen eksekutearje te litten.[3]. Al de oare deis regele Deppner in eksekúsjepeloton yn oanwêzigens fan kampkommandant Karl Peter Berg, dêr't yn alle gefallen ek Karl Friendrich Titho oan mei die.[4] De groep fan oarspronklik 101 finzenen bestie foar it grutste part út Oezbeken, dy't 27 septimber 1941 it kamp ynbrocht wiene. Sy waarden sa min behannele en fertutearzge, dat der begjin april noch op syn meast 77 fan libben. De opdracht fan Rauter soe in ferjildingsaksje west hawwe foar de eksekúsje fan Dútske kriichsfinzenen oan Russyske kant; dat is lykwols nea bewiisd. De finzenen waarden krekt bûten Amersfoart deasketten[5]. Deppner ynspektearre de dea fan de finzenen en joech yn in tal gefallen persoanlik in nekskot.
July oant augustus 1942 wie Deppner de earste Dútske kommandant fan Kamp Westerbork, it sammelplak fan NederlânskeJoaden dy't nei Dútske ferneatigingskampen transpotearre wurde soene. Deppner wie ferantwurdlik foar it earste transport fan Joaden naar Auschwitz-Birkenau. Dy operaasje feroarsake rebûlje, meidat Deppner bern sûnder harren heit en mem en froulju dy't krekt oankaam wiene op transport sette, om mar it foarskreaune tal fan tûzen persoanen te heljen.[6]. Deppner waard dêrnei ferfongen, hoewol't er fan SS-baas Himmler persoanlik komplimintearre waard foar syn 'goede' wurk.
Kamp Vught
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de lâning fan de alliearden yn Normandje, en it trochstjitten nei Parys en Brussel, brochten de Dútsers 1500 finzenen fan de Oranjehotel yn Skevenigen mei alle hasten oer nei kamp Vught. Dêr waarden de finzenen, meast út it ferset, yn de saneamde 'bunker' fêstset. Ein july of begjin augustus 1944, waard Deppner nei kamp Vught stjoerd mei de spesjale opdracht om Hitler syn saneamde Niedermachungsbefehl fan 30 july 1944 út te fieren - It befel om "terroristen en saboteurs" at it nedich wie fuortendaliks dea te sjitten. It bleau lykwols de fraach oft minsken dy't fêstsieten, mar noch net berjochte wiene, ek ûnder dat hjit foelen. Oars as syn sjek Schöngard wie tige bekend mei it Nederlânsk ferset; dat hie wie dejinge dy't de listen opmakke. Ein augustus en begjin septimber waarden 450 persoanen, benammentlik út de top fan it ferset, fanwege Deppner terjochtsteld.
Nei de oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ier yn 1945 waard Deppner weromroppen nei Berlyn; nei it feroverjen fan Berlyn troch Russyske troepen, kaam er yn Russysk kriichsfinzeskip. Yn 1950 waard er frijlitten. Werom yn Dútslân wurke er foar de Organisation Gehlen, in fan Amerikanen dominearre ynljochtinetsjinst, en letter foar de BND (Bundesnachrichtendienst).[7] Syn wurkjouwers wisten fan syn oarlochsferline. Ut Nederlân wei waard sa'n tweintich kear besocht om Deppner foar de rjochter te krijen fanwege oarlochsmisdieden, mar alle fersiken waarden ôfwiisd.[8]. Yn 1964 waard Deppner foar it hof yn München oanklage foar de moard op de Russyske kriichsfinzenen, mar hy waard - ek yn heger berop - frijsprutsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Dútsk ofsier
- Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SS
- Lid fan de SD
- Kamppersoniel yn Westerbork
- Kamppersoniel yn Vught
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dielnimmer oan de Porajmos
- Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Dútsk spion
- Dútsk faksist
- Persoan berne yn 1910
- Persoan stoarn yn 2005